De fêste sjoernalist fan SDS 4 is blessearre fandêr in ferhaaltsje fan in stand-in: Sneon 1 maart mochten we dan nei in te lange winterstop wer los tsjin Berltsum As ferfanger fan ús ballefanger Hindrik stie Marco Reijnhoudt yn de […]
Utslaggen 1 maart 2003 Warkum 1 – SDS 1 ôflastDit wie yn ‘e 3e klasse A de ienige wedstriid dy at ôflast waard. De geruchten gienen al dat Warkum en SDS it op in akkoordsje goait hienen. Warkum hie in […]
Sûnt it seizoen ’99-2000 spilet SDS 1 yn ‘e seal yn ûngefear deselde formaasje. Sy hawwe yn ‘e rin fan ‘e jieren al aardich wat priiskes wûn mei as hichtepunt fansels de winst fan ‘e Midwintercup yn it FEC.Palmares SDS 1 […]
Krije je de Treffer net, mar binne je wol benijd nei de aventoeren fan Bolke en Sibe de Seefûgel? Jimme kinne dizze stikken ek op dizze webside lêse. Dit is te finen ûnder de kop: De Treffer. No neidat de nije […]
It earste sealteam fan SDS hat juster op in nij wichtige punten ferspile yn ‘e rin om it kampioenskip. Tsjin WZS waard it 3-3. Yn Snits koe SDS weinich potten brekke. SDS stie al gau mei 2-0 efter en spile […]
Op sneon 15 febrewaris wiene de leafhawwers fan futsal aktyf yn de sporthal. In toernooi foar de eigen senioren en A-junioren. Mei namme de A- junioren wiene goed fertsjintwurdige. De winnende ploech hie sels 3 A spilers: Tsjipke Klaas Okkema, […]
SDS 1 – AVC 1 4-2In wike foardat de kompetysje wer begjint foar SDS1 waard der oefene tsjin in 4de klasser. AVC út Seisbierrum wie de tsjinstanner. De earste kansen wiene foar SDS, it earste doelpunt wie der foar AVC. […]
It koe fansels net útbliuwe. Yn Easterein wêr ’t darten de twadde sport is nei it fuotbaljen en noch foar it keatsen, kinne je echte SDS-pylken nei it boerd smite. It ferhaal giet dat se tige doeltreffend binne. Sy binne te […]
It 1e futsalteam fan SDS hat woansdeitejûn mei 8-1 fan Espel wûn. Hjirmei bliuwe sy meidwaan om it boppeste plak. SDS begie fel oan ‘e wedstriid. Nei twa minuten stie it al 1-0. Robert Sybesma stoorde goed en joech Willem […]