Op 4 novimber 2002 gie de SDS-side de loft yn.

Doe wienen wy ien fan de earste fuotbalklups mei in webside.

Ynmiddels binne wy al 18 jier fierder en wurkje wy noch altiten mei likefolle plezier oan ús twadde webside.

Yn dy 18 jier is der in soad feroare en moast ek de SDS-side mei de tiid mei.

Yn gearwurking mei 5online en Freez.It is der in nije webside boud.

Wy binne hjir tige wiis mei en hoopje dat jim der likefolle wille oan belibje sille as ús!

Om ’t wy de webside net allinnich by de tiid hâlde kinne hoopje wy wer op in soad ynput fan jim. Bliuw jim SDS-nijs mailen nei willem@vv-sds.nl en aant@vv-sds.nl !

De wepmasters Aant en Willem

vv-sds-logo-e1465945989962