It earste sealteam fan SDS hat juster op in nij wichtige punten ferspile yn ‘e rin om it kampioenskip. Tsjin WZS waard it 3-3.
Yn Snits koe SDS weinich potten brekke. SDS stie al gau mei 2-0 efter en spile min. Dochs krigen sy genôch kânsen. Hy woe der allinne net yn troch magnifiek keeperswurk fan de keeper fan WZS. Dochs kaam SDS noch mei 2-3 foar. Doe Robert Sybesma derút stjoerd waard koe WZS dochs noch nêst SDS komme. Dêrtroch in terjochte einstân fan 3-3.
SDS rint dochs ien puntsje út op RES die at foariche wike mei 10-3 op ‘e kont gie yn Staphorst tsjin ZVVS. Lemsterlân bliuwt winnen en liket kampioen te wurden.
Doelpunten SDS:
Feite 2x
Harm 1x(ja, toch?)
It 2e sealteam fan SDS hat dik ferlern fan Warkum. Mei hoefolle is noch in riedsel.