Op 10 augustus 1997 bestie SDS 50 jier. Dat waard grut fierd, mei ûnder oaren in wedstriid fan SDS 1 tsjin sc Heerenveen op freed 8 augustus.
Ek wie der in revue en in feestjûn.
It boek “SDS 50 jier yn swart-wyt” kaam út. Wa’t it net hat kin it hjir digitaal lêze/trochsjen


Hjirûnder alle alvetallen fan doe, it  programmaboekje fan it jubileum en it programmaboekje en mear fan de jubileumwedstriid SDS 1 – sc Heerenveen 1

Op sneon 9 augustus 1997 wie der in feestjûn mei kabaret, makke troch de eigen leden en oare entoesjaste artysten.

Dit wiene de stikjes dy’t opfiuerd waarden en de lieten dy’t songen waarden