Stifting “de Skoalleseize”giet sûnt1987 oer de akoomodaasje. Dy akkomodaasje fan SDS leit er anno 2020 prima bij mei in ferieningsgebou, 2 fjilden, in pupillenfjild en in trainingsfjild. Dat hat net altyd sa west. It is fan fierwei kaam.
In oersicht wat wat er troch de jierren hinne bard is oan de akkomodaasje.
(let wol: dit stikje fan de side is noch yn ûntwikkeling en wurdt yn april/maaie 2020 kompleter makke)
Op 8 oktober 1983 wurdt “it Klubhûs” yn gebrûk naam.
Dit wie de earste kantine fan SDS.
Mei feriene krêften opboud yn de foarsimmer fan 1983.
1984:
It haadfjild lei der net bêst bij. In soad wedstriden waarden ôflast.
Mei en macht wurdt in poging dien om de ôfwettering better te krijen.
1988 – 1997
It fjild is noch altiten net goed.
De KNVB jout SDS oant ein 1989 de tiid om it ierappelfjild yn oarder te meitsjen.
Yn 1987 wurdt stifting de Skoalleseize oprjochte en wurde der ferbetterplannen makke foar it hiele sportkompleks,
De offisjele iepening fan de Skoalleseize, sa’t kompleks komt te hjitten is op 29 april 1991.
Underwilens is it fjild wer oer de kop helle , is der in nije, gruttere kantine kommen en is der in entreehokje boud
12-1-1990
De nije kantine wurdt iepene
1 -5-1991
De Skoalleseize wurdt iepene
2005 –
It nije trainingsfjild wurdt iepene en de plannen foar in ferieningsgebou wurde bekend makke