It begjin

Op in jûn yn 1947, gongen in stikmannich fan dy manlju by elkoar sitten, der waard praat en praat en úteinliks wie it safier: fan 10 augustus 1947 ôf hie Easterein in fuotbalklub. Men koe lid wurde foar in kwartsje yn’e moanne. It tenue stie ek al gau fêst: in swart broekje, in wyt besgroentsje (de measte keatsers hiene dat wol) en ‘swart-wyt geblokte kousen’. Doe moast der ek noch in namme komme.

De jonges seinen wolris SDO (samenspel doet overwinnen) as OZO (Oosterend zal overwinnen), mar dat wiene fansesl gjin offisjele nammen. Yn’e stikken komme wy al gau de nije stjin: VVO (voetbalvereniging Oosterend).

Yme Zijlstra waard de earste foarsitter. It wie net in maklik begjin, it wie flak nei de oarloch. Der wie net folle jild. VVO wie ek net by De Bond. In protte leden wiene allinne yn’e simmer lid, want yn’e wintermoannen wie der dochs neat te rêden. Dan waard men tydlik lid-ôf, dat skeelde wer in pear kwartsjes.

Op sneontemiddei wiene der wedstriden. De spilers fytsten nei doarpen en stêden yn’e fiere omkriten. Nei Spannum, Skearnegoutum en Gau, nei Nylân, Snits, Seisbierum en Aldegea. Waard der yn Easterein spile dan wiene der in protsje minsken, eins altyd deselde, fanatyke supporters fan’e earste oere. Oaren rûnen foar it fuotbal hielendal net waarm: sa’n skopperij! En noch wer oaren wienen der gewoan op tsjin: wie fuotbal op tal fan plakken net in bedriging fan’e zondagsheiliging?

Sa as al earder sein wie VVO yn’e begjinjierren net lid fan De Bond, want hja hiene earst net in goed fjild.

De earste statuten binne hjir te sjen.

In goed fjild komt der, flak en grien….. VVO koe yn’e kompetysje. Allinne der wie fuortendaliks al in probleem. De namme VVO wie der al… Easterlittens hie Easterein foar west. Der moasten fiif nije nammen ynlevere wurde by De Bond ‘in volgorde van voorkeur’. De penningmeester, Yme Zijlstra, was daar kort en duidelijk in: hy sei it moat SDS wurde en de oare bestjoersleden betinke de oare fjouwer nammen mar.

SDS stiet no foar ‘Sterk door samenspel’, mar as dat ek bedoeld is doe’t de namme betocht waard is net mear te achterheljen. It soe ek wêze kinne ‘Sterk door samenwerking’.

It reglemint fan doe:

Het is verboden:

Op klompen te voetballen
Onder de wedstrijd te roken
Iemand op onbehoorlijke wijze aan te vallen
Iets te doen in de vereniging zonder het bestuur
Tijdens de wedstrijd zich aan het publiek te storen
Iets wat van de vereniging behoort toe te eigenen
Vermijdt moet worden:

Het ongeoorloofd optreden tegen de scheidsrechter tijdens de wedstrijd
Het vloeken (daar dit de sport en de sportiviteit schaadt)
Het oneerlijk zijn bij het spelen, bijvoorbeeld handsballen in het strafschopgebeid etc.
Ruzie onder eigen spelers
Wenken om te onthouden

Drink tijdens de rust niet te veel om de reden dat het uithoudingsvermogen hier aanmerkelijk minder van wordt. Ook komt hiervoor in aanmerking:
het voetballen tijdens de rust, doe dat ook niet
ga niet zitten in de rust daar bekleuming dan mogelijk is, trek vooral even een jas en een broek aan
wees minstens 10 minuten voor de aanvang der wedstrijd op het terrein
Voor de voorhoede: wanneer één onzer spelers buitenspel staat en de bal ontvangt houdt niet eerder op, dan wanneer de scheidsrechter het fluitsein geeft
Voor de achterhoede: wanneer buitenspel duidelijk zichtbaar is van één van de voorhoedespelers der tegenpartij, steek dan de handen omhoog
Inkele memoires út it ferline

spilers spilen mei in alpinopet op’e holle. As hja dan hiel hurd moasten, kaam de pet ôf
foar de wedstriid hie men in jel: ‘Hiep hiep Hoera voor de andere kant!’