SDS 1 wint mei 8-1 fan Espel

SDS 1 wint oefenwedstriid tsjin CSL
3 februari 2003
SDS-pylkjes
7 februari 2003

It 1e futsalteam fan SDS hat woansdeitejûn mei 8-1 fan Espel wûn. Hjirmei bliuwe sy meidwaan om it boppeste plak.

SDS begie fel oan ‘e wedstriid. Nei twa minuten stie it al 1-0. Robert Sybesma stoorde goed en joech Willem Wijnia in net te missen kâns. SDS gie goed troch en stie al gau mei 3-0 foar. Espel hie gjin wiksels en liet SDS fier komme. Dochs kaam Espel noch op 3-1. SDS spile ûnrêstich mar bleaun ,meitroch goeie reddingen fan Jan Simon Jelsma, oant de rêst mei 3-1 foar stean.

Nei de rêst die SDS noch in stapke hurder. Troch Espel wie dit net by te hôlden, meitroch sy ek gjin wiksels hienen. SDS rûn sa út nei 6-1. Dernei kaam de rem derop en waard der net bot mear fuotballe. Dochs waard it noch 8-1.

Folgende wike hat SDS 1 frij. Sy binne dan tige benijd wat immen konkurrinten RES en Lemsterlân dogge.

Doelpunten SDS:
Tsjipke 2
Feite 2
Robert 1
Harm 1
Jeroen 1
Willem 1