SDS 1 en 2 winne hun oefenwedstriden

SDS-pylkjes
7 februari 2003
Slagge futsaltoernooi
16 februari 2003

SDS 1 – AVC 1 4-2
In wike foardat de kompetysje wer begjint foar SDS1 waard der oefene tsjin in 4de klasser. AVC út Seisbierrum wie de tsjinstanner.

De earste kansen wiene foar SDS, it earste doelpunt wie der foar AVC. Foar it skoft kaam SDS lykwols op in 2-1 foarsprong. Yn amper 10 minuten tiid skoorden Dennis Dijkstra (hy wie ynfallen foar Robert Sijbesma, dy’t mei in blessure útfoel) en Harm Stremler twa kear.

Nei de thee waard it gelyk 4-1 troch Floris Hiemstra. Fierders wiene der noch in protte kansen mar skore die allinne AVC.

Einstân wie 4-2.

Hielpen 1 – SDS 2 0-1
SDS 2 oefene sneon yn en tsjin it earste team fan Hielpen. SDS begie goed oan ‘e wedstryd en krige al gau goeie kânsen. It wie Gerrit Hingst dy nei in korner fan Donny Okkema de 1-0 makke. SDS bleaun oanfallen en krige grutte kânsen. De bal woe der allinne net yn. Hy gie der wol twa kear yn, mar dizze goals fan Harm Auke Dykstra(bûtenspul) en Gerrit Hingst waarden terjochte ôfkeurd.

Hielpen en SDS wienen aardich oan mekoar weage. De twadde helte gie Hielpen wat better fuotbaljen, mar de earste helte wie SDS dúdlik de bettere ploech. SDS 2 liket klear foar folgende wike wannear at sy de kompetysje wer hervatte meie thús tsjin Bolswardia om 12.15(?!) oere.

De A-junioaren
De A-junioaren hawwe mar traint, no at der net in ploech wie dy tsjin immen doarden te fuotbaljen.