Weppers freed 13-11-2026

Agenda ledengearkomst SDS woansdei 18 novimber
11 november 2026
Sneon 14-11-2026
13 november 2026
Agenda ledengearkomst SDS woansdei 18 novimber
11 november 2026
Sneon 14-11-2026
13 november 2026

Gjin freedfuotbal

It 7×7-freedfuotbal yn Easterein giet jûn net troch. SDS kin gjin 7 man byinoar krije…..

SDS 1 – Friesland 1 (14.30 oere)

Trije Ljouwerter ploegen sitte der by SDS 1 yn de kompetysje. Ljouwerter Sweltsjes wie in maatsje te grut en waard terjochte ferlern. Fan Leovardia waard ferline wike mar krekt ferlern wylst der in lykspultsje yn siet. Dan moat der wûn wurde kinne fan Friesland wat ús oanbelanget. In thúsoerwinning soe sawisa wol passe en terjochte wêze sjoen de manier fan fuotblajen fan SDS 1. Wy sille it moarn sjen. Om 14.30 oere op it sportpark.
Seleksje:
Mark
Sven
Niels
Remco
Gerwin
Tim
Jochem
Robin
Matthijs
Wiebren
Gerbrand
Wiebe
Pieter B
Jelmer
Ate
Boaz

Beker: SDS 2 – HZVV 5 (14.30 oere)

SDS 2 spilet thús foar de beker tsjin HZVV 5 út Hoogeveen. HZVV 5 is in middenmotor yn de Reserve-3e-Klasse 3. SDS 2 is koprinner yn de 3e-Klasse 2.
Seleksje:

1. Jorrit (k)
2. Arjen
3. Bauke
4. Ewout
5. Auke
6. Gjelt
7. Jelte-Pieter
8. Jildert
9. Jurjen
10. Redmer
11. Sjirk
12. Wessel W
13. Jochem
14. Jelmar
15. Jorn

Oanwêzich: 13.30
Wedstriid: 14.30
Koach: Tjeerd
Flagger: Jan

SDS 4 – Oudega 1 (12.15 oere)

Foar SDS 4 is it sneon de earste ynhelwedstriid fan it seizoen. Sy meie tsjin de nûmer 3 en favorite klup fan Okke van der Kamp, Oudega 1.
SDS 4 ferlear de earste twa wedstriden yn septimber, mar hat yn oktober en novimber net mear in wedstriid ferlern.
De wedstriid begjint om 12.15 oere op keunstgers.
Seleksje:
Arnout, Bote, Allert, Wiltsje, Jan-Simon, Frank, Jildert, Ronny, Lieuwe, Hendrik, Robert, Jelmer, Jentsje, Erik(?) en noch ien miskien.

1963 SDS – Parrega

Wat soe it moai wêze at wij snein ek skriuwe kinne dat it publyk in grut oandiel hân hat yn de oerwinning tsjin Friesland.
Tsjin Parrega koe dat ek yn 1963:

Sa bliid as in protter


Wat wie Sybren Wassenaar bliid mei “syn” Treffer.
Wij tinke dat hij syn stikje oan hiel Ielannen sjen lit

Adreswizigingen

Wy hawwe it fermoeden dat net alle SDS’ers in Treffer krije om’t sy harren nije adres net trochjouwe. Dat is fan alle tiden, mar net minder ferfelend. Hawwe je in nij adres stjioer dit dan nei sekretaris@vv-sds.nl.

Harsens derby(2427)

SDS moat dit seizoen ek tsjin FC Harlingen balje. Lit de seemokken it net heare.