Slagge futsaltoernooi

SDS 1 en 2 winne hun oefenwedstriden
8 februari 2003
SDS 1 ferliest op ‘e nij punten en SDS 2 dik f…
20 februari 2003

Op sneon 15 febrewaris wiene de leafhawwers fan futsal aktyf yn de sporthal. In toernooi foar de eigen senioren en A-junioren. Mei namme de A- junioren wiene goed fertsjintwurdige.

De winnende ploech hie sels 3 A spilers: Tsjipke Klaas Okkema, Skelte Anema en Gerard Posthumus.

It jeugdige elan fan dizze ploech waard oanfuld mei de routine fan Marco Reynhoudt en Eddy de Boer en Pieter Kamstra.

Yn de finale spilen sy 1-1 tsjin Feite de Haan, Harm Auke Dijkstra, Sipke Hiemstra, Rene Velzen, Gerlof Jan Hofstra en Arnold Hoekstra.

De strafskoppen brochten de beslissing.

Der diene 8 ploegen mei en de algehiele lieding wie yn hannen fan Roel Sybesma en Dukke van der Wey.

Yn de kommende Treffer in ferslach.