SDS-League: De wykpriis wurdt dield!

Agenda ledengearkomst SDS
9 november 2026
Agenda ledengearkomst SDS
9 november 2026

Dizze wike 2 wykpriis winners.
Sawol ‘Pake Auke’ Eringa as Sjoerd van Beem mei ‘Aan de kant ik moet naar het stadion’ hawwe 51 punten en meie dêrmei de wykpriis diele.
By Sjoerd wie syn grutste troef Ringo Meerveld(HEE) mei mar leafst 16 punten.
By ‘Pake Auke’ wienen der mear troefen lykas Linday(HEE), Meerdink(AZ) en Hadj Moussa(FEY).

Wy hearden fannewike ge’Bulder’ yn Wommels en dat wie net fan it fjoerwurk yn it tunneltsje. Jan Mulder kaam krekt ien puntsje te koart foar de wykpriis.

Eriks Haitsma’s ‘Jopie Kwast’ is de kopposysje kwyt. Tsjalling Sikma sit der mei ‘FC Dronryp’ al wiken op te azen en no is it sa fier. Erik pakte ek mar 23 punten.

Jaaps ‘Torpedo Toering’ is it paad aardich bjuster. Hy pakt mar 13 punten en sakket fan it 23e nei it 45e plak. Sels noch ûnder Sjoerd van Beem(no 37e). Dûbel feest by Sjoerd op de Master Oepke Hiemstrastrjitte dus!

‘Tomme noch ’n ta’. Hie Vaessen(GRO) dat mar sein dan hie Durk Okkema no net ûnderoan stien. Vaessen koe him net ynhâlde en pakte in reade kaart en pakt min 10 punten. Al mei al mar 5 punten foar Durk. In min wykein dus foar Durk; SDS ferlern, Feyenoord ferlern en no ek noch de reade lantearn; ‘Tomme noch ’n ta!’

SDS League 2026-2027 stand earste helte wike 7