Ferslach SDS 4 – Berltsum 4

Utslaggen 1 maart 2003
1 maart 2003
SDS wint oefenwedstriid tsjin Nijlân
5 maart 2003

De fêste sjoernalist fan SDS 4 is blessearre fandêr in ferhaaltsje fan in stand-in:

Sneon 1 maart mochten we dan nei in te lange winterstop wer los tsjin Berltsum

As ferfanger fan ús ballefanger Hindrik stie Marco Reijnhoudt yn de goal.

Anne Brouwer wie skieds en fierder noch in tal spilers fan de A’s makken it team compleet.

Wy hiene yn it begjin it bêste fan it spul mar Berltsum makke de earste goal trochdat wy wat tefolle oanfallend wiene.en it ferdidigjen der wat by lieten. We wiene no wekker en de strammens en stivens waard ek wat minder.

Allinnich Rene wie noch wat stiif en houterich sei der. Dit wie ek de reden wêrom hy de bal net yn de goal mar by de Keeper fan Berltsum op skeat. Lokkch wie Henk van Houten net sa houterich (al soene je oars tinke) en die makke de 1-1. Efkes leter liet Rene sjen dat er dochs wol skoare koe troch in foarset fan Pieter goed yn te sjitten. Dat wy koene ús mei in 2-1 foarsprong oan de té jaan. Nei it skoft wie it Berltsum wat de klok sloech.

Marco hold ús yn de wedstriid en Jan en Bert hellen in bal fan de line. Yntusken hie Henk van Houten al wer skoard troch in “snelle” útfal fan ús en letter skoarde Ivo Donath noch út in útgoai fan Marco fier oer de middenline. Ivo, al as net registrearre lid, die nei in blessure fan mear as in healjier foar it earst wer mei en makke mei in goal syn offisjele debut by SDS 4.

Us lieder Evert hie letter de flagge út. By neifraach die bliken dat dit net wie om’t it fjirde wûn hie, mar om’t er heit wurden is. Lokwinske!!

(JK)