Op 10 augustus 1972  bestie SDS 25 jier.

It feest waard fierd op sneon 26 augustus 1972 mei in fuotbaltoernoai foar SDS 1, in toernoai foar SDS B1 en in wedstriid fan de froulju fan SDS en YVC.

Jûns wie der in resepsje yn kafé Bergsma mei nei de tiid Frysk kabaret en dûnsjen.

Ta gelegenheid fan it 25 jierrich bestean kaam der in jubileum Treffer út mei in prachtich oersicht fan dy earste 25 jier.

Jim kinne hjir ûnder troch de bledsiden fan dy Treffer blêdzje en de alvetalfoto’s mei alle nammen apart besjen.