Ek yn it amateurfuotbal giet it mar troch mei de “professionalisering”. In nije ûntwikkeling is it yn foarrie hawwen fan lucht. Sa hat SDS de flessen mei skjinne lucht ek al klear stean, yn it gefal in trainer yn […]
Yn de lêste Treffer stie it komplete programma fan SDS 1. Sokke programma’s binne der fan alle seniorenalvetallen te finen op dizze side. Sjoch by senioren, sykje it alvetal en sjoch by programma. Alle sneonen kinne yndield wurde, sadat der […]
SDS1 hat de bekerwedstriid tsjin Rood Geel út Ljouwert mei 2-3 ferlern. Doelpunten wiene der fan: Marco Ottens , nei in prima foarset fan Wichard Deinum en fan Harm Stremler. út in strafskop doe’t Hendrik de Jong dellein waard. Undanks […]
Op sneon 30 augustus wurdt neffens de tradysje it Starttournooi hâlden foar E- en F-pupillen. De sponsor fan dit ûnderlinge tournooi is skjinmakkersbedriuw Marten Sijszeling. De E pupillen spylje op in heal fjild (7 tsjin 7) en de F-pupillen spylje op in […]
It is wer hast safier. Der wurdt alwer fuotballe yn ‘e eredivysje en dat betekent fansels ek dat de SDS League wer hast fan start giet. Ûnder it kopke “SDS League” kinne jimme it nije dielnimmingsformulier fine en de nije spilerslist […]
SDS hellet swierbefochten punten binnen De twadde bekerwedstriid fan SDS 5 moast spylje wurde tsjin Anjum. In fiere reis dus. De lieder hat noch efkes yn him omgien litten om in dei earder fuort te gean, te oernachtsjen yn […]
Op dizze webside kinne jimme wer ferskeidene nije foto’s fine. Sa stiet de nije alvetalfoto fan SDS1 op de side en binne der ferskeidene nije foto’s fan spilers fan SDS op de side setten. Sa kinne jimme Harm Auke Dijkstra(SDS2) […]
SDS 2 hat syn bekerwedstriid tsjin Makkum mei 3-1 wûn. SDS 2 stie al nei in minuut op foarsprong. Syb Overal gie goed troch en makke mei wat lok de 1-0. It wie Jan Stenekes dy ’t nei in 20 […]