SDS 5 krekt werom út Anjum

Nije foto’s!
27 augustus 2003
Nije SDS League
28 augustus 2003

SDS hellet swierbefochten punten binnen

 

De twadde bekerwedstriid fan SDS 5 moast spylje wurde tsjin Anjum. In fiere reis dus.

De lieder hat noch efkes yn him omgien litten om in dei earder fuort te gean, te oernachtsjen yn in pension dêr, mar dat idee hie noch al wat fuotten yn de ierde, In pension yn Anjum kin betsjutte dat je net mei in foltallige ploech weromkomme en dat is wol de bedoeling want der binne noch hiel wat wedstriden ôf te hanneljen dit seizoen.

At it allegear sokke wedstriden wurde dan liket it net goed. Wol wat it resultaat oangiet mar net wat it spul oangiet.

Der waard geweldich stoard en ferdigene, mar dat wie ek nedich. Anjum hie in prima ploech, dy’t ús de baas wie op alle fronten. Op hast alle fronten. It meitsjen fan doelpunten gie ús krekt efkes better ôf.

De 0-1 wie fan Roel Sijbesma nei goed trochsetten, de 1-1 foel wat ûngelokkich, de 1-2 kaam troch in skitterende frije traap fan Pyt de Jong en de thee wie net hyt.

Nei de thee mochten wy 35 minuten op eigen helte besykje harren oanfalsdriften yn te dammen en dat slagge prima. Ien kear koene se skore en de 2-2 like it maksimum foar ús.

8 minuten foar de ein krige de wedstriid ynienen in oare ûntwikkeling. Goed trochsetten fan Bertus Bootsma joech Roel de gelegenheid om út in ûnmooglike hoeke op it doel te sjitten. It stie ynienen 2-3.

De lêste 7 minuten krigen wy noch korners, kansen en sels noch in doelpunt. Roel joech foar en Ype skoorde.

De foldwaaning wie nei ôfrin grut en de brûs wie te hyt. It bier lykwols lekker kâld.