Nije foto’s!

SDS 2 wint fan Makkum, in nije spiler en oar nijs
27 augustus 2003
SDS 5 krekt werom út Anjum
27 augustus 2003

Op dizze webside kinne jimme wer ferskeidene nije foto’s fine. Sa stiet de nije alvetalfoto fan SDS1 op de side en binne der ferskeidene nije foto’s fan spilers fan SDS op de side setten. Sa kinne jimme Harm Auke Dijkstra(SDS2) sjen sa at jimme him noch noait sjoen hawwe(of jimme witte it yn elts gefal net mear), nij lid Trienus de Jong(SDS4) net echt útsliept liket lykas Ype Tiemersma(SDS5), Marco Ottens(SDS1) noch in moaie foto fan himsels lizzen hie, Frans-Pieter Terpstra(SDS4) op country-line dûnsjen sit en dat Klaas Malda (SDS4) it leafst sigaren rookt.