SDS 1 wint ek 2e wedstriid foar de beker
27 augustus 2003Nije foto’s!
27 augustus 2003SDS 2 hat syn bekerwedstriid tsjin Makkum mei 3-1 wûn. SDS 2 stie al nei in minuut op foarsprong. Syb Overal gie goed troch en makke mei wat lok de 1-0. It wie Jan Stenekes dy ’t nei in 20 minuten de 2-0 makke. Nei in kopbal fan Pieter Kamstra dy ’t knap troch de keeper pakt waard koe Jan de bal deryn sjitte. SDS wie goed op dreef en krige in protte kânsen. Dochs makke Makkum flak foar rêst 2-1 út in penalty.
Nei rêst waard it spul wat minder mar Makkum koe noait oanspraak meitsje op de winst. It wie Willem Wijnia dy ’t der sa’n 10 minuten foar tiid sels 3-1 fan makke.
SDS 2 koe ek in nije spiler begroetsje. Stefan Krimpe komt de seleksje fan SDS 2 fersterken. Hy komt út Rotterdam en hat dêr jierren yn it earste alvetal spile fan in 4eklasser. Stefan sil tongersdei foar it earst meitraine.
SDS 5 moast út nei Anjum. Dy útslach is net by ús bekind(at it al trochgie).
SDS A1 en B1 spylje (woansdeite)jûn beide om 18.30 oere thús tsjin Makkum. D1, F1 en E1 spylje út foar de beker.