Weppers

12 december 2003

Opstellingen sneon SDS 1 en 2.

Hjir de opstellingen foar kommende sneon. Hjirby is net rekken hôlden mei it minne waar en mooglike skorsingen.Earste: Broer-Wiebe, Wichard, Feite, Harm, Jan-Simon, Tjipke-Klaas, Anne, Durk-Yde, Robert, Hendrik, Skelte, Jacob-Klaas, Marco, Floris.   Twadde: Marten, Tseard, Dennis, Harm-Auke, Auke, Gerrit, […]
11 december 2003

Wepperkes(4)

De treffer   Freed 12 desimber komt de lêste Treffer fan dit jier út. Foar bûtenleden dy’t de Treffer út de kantine wei helje, moat dit seker in reden wêze om sneon efkes nei de Skoalleseize te gean. Ommers SDS C1, […]
11 december 2003

Min waar sneon?

Hopelijk giet it fuotbaljen sneon al troch. It is hjoed allinne kloatewaar en it wurdt net folle better moarn. At it sneon al trochgiet, dan meie de reinklean wol mei.It waar moarn en sneon:Bron: teletekst
11 december 2003

Nije trainer (13)

It begjint der op te lykjen dat wy hast in ein breidsje kinne oan dizze rubryk. Dat der aardich lêsen wurdt docht wol bliken út de sifers. De ôfrûne dagen binne der deis mear as 100 besikers op de side […]
11 december 2003

SDS 1 seal pakt knappe oerwinning

It 1e sealteam fan SDS hat justerjûn in knappe oerwinning behelle op Ens. Yn ‘e Greidhoeke wûnen sy mei 6-1. In knappe generale foar de topper tsjin WZS.SDS wie fan te foaren al wat benaud foar Ens. Yn de earste wedstriid yn […]
10 december 2003

Nije trainer (12)

In oantal jierren lyn is Hinke Kuiper op de foto setten mei Fritz Korbach. Fan dêr dat der Fritz op de list stie. Hy koe lykwols kieze tusken Hinkes Hobbelhynders en de Amstelmaten ploech. Hy koe net goed greep krije […]
10 december 2003

SDS League: The Butchers allinne op kop.

The Butchers (LB) gean as in spear. Sinds Brada net mear slachtet, hawwe The Butchers(“de butsjers” sa at de coach seit) de smaak te pakken. Sels eltsenien yn ‘e SDS League moat dit belije. Dizze wike rinne sy út mei […]
10 december 2003

SDS League: De ideale alve.

Hjir kinne jimme wer sjen welke spilers jimme dizze wike it beste kieze koenen yn jimme teams. Foar de measten wie it net sa gek dat Kezman(PSV) wer ris goed op skot wie. Inkelde oare spilers hawwe in soad punten […]
9 december 2003

Nije trainer (11)

In soad nijs hjoed oangeande trainers. Moai fansels mar noch altiten gjin nije trainer foar SDS 1. Wol kinne wy wer enkele nammen skrasse. André Semplonius(no Nijlân) giet neffens de berjochten nei QVC. Richard Elsinga(no Be Quick Dokkum) giet neffens betroubare […]
8 december 2003

Traine op tongersdei

Sipke Hiemstra makket bekind dat kommende tongersdei de lêste training is foar SDS 3, 4 en 5 dit jier. Derom soe noch ien kear in folle bak hiel aardich wêze. Midden jannewaris yn 2004 begjint it wer.