Wepperkes(4)

Min waar sneon?
11 december 2003
Opstellingen sneon SDS 1 en 2.
12 december 2003

De treffer

 

Freed 12 desimber komt de lêste Treffer fan dit jier út. Foar bûtenleden dy’t de Treffer út de kantine wei helje, moat dit seker in reden wêze om sneon efkes nei de Skoalleseize te gean. Ommers SDS C1, 2, 3 en 5 fuotbalje thús. At it troch giet fansels. Sjoch it waarberjocht fan W.W. Pelleboer.

 

Redaksje

De (âld)redaksje fan de Treffer en dizze side en inkele fêste skriuwers hawwe soms ek nije ynspiraasje nedich. Fansels der bart genôch op en om de Skoalleseize, mar dochs is it goed soms efkes by oare (amateurklups) te sjen.

Omdat der ek wat te gnizen falle moat, geane de redaksjeleden freed 12 desimber nei de slapstick Cambuur-Haarlem. It komt fansels goed út om nei dizze wedstriid ta te gean, want it wurdt in echte 6 punten wedstriid neffens sommigen.

Spitich dat Durk it stadion net yn mei op krukken, omdat se dêr al genoch hakkekrukken hawwe, spitich ek dat Sjoerd sa prinsipieel is: hy mient dat at je foar Hearenfean binne der yn Ljouwert net ynkomme en spitich dat Willem noch gau in kaartsje hie foar in konsert yn de Heinekenmuzykhal. Gelokkich komme se nei de wedstriid byelkoar yn Jimbar om fol entoesjasme de jûn te oereidzjen. In ferslach fan de wedstriid Cambuur-Haarlem kinne jim sneon al by ús leze op de side.

 

Hands

Nooit grappig is in side wêryn taalkundige grappen opsetten wurde.

Sa stie der no op: Hands maken en net doen of er niks aan de hand is, is nooit grappig

 

Roke

It is te hopen dat it bestjoer rekken hâldt mei it rookbelied. In trainer mei net mear by of yn de dug-out roke. De Bunnikside hat al witte litten dat de trainer by harren stean mei, sadat hy gelyk de goeie adfisen oppikke kin.

Nije trainer?

Wat sjogge wy: wite of swarte reek?