SDS League: The Butchers allinne op kop.

SDS League: De ideale alve.
10 december 2003
Nije trainer (12)
10 december 2003

The Butchers (LB) gean as in spear. Sinds Brada net mear slachtet, hawwe The Butchers(“de butsjers” sa at de coach seit) de smaak te pakken. Sels eltsenien yn ‘e SDS League moat dit belije. Dizze wike rinne sy út mei mar leafst 12 punten op de nûmer 2 Mukkes (MH).

De wykpriis is dizze wike foar Team Stroh(WZ). Mei 63 punten makket hy in moaie sprong fan it 46e nei it 25e plak. Hy bleaun FC Yn ‘e nok.skrok(IdB) krekt foar yn ‘e wykscore. Dit team hie 61 punten.

Nei plak nûmer 4 stiet alles noch aardich ticht op mekoar en kin eltsenien oan’t en mei plak 21 noch wol in leuk priiske pakke. Foar T.en V.(YV) liket it seizoen ôfrûn. Sy sakje fan it 5e nei it 22e plak.

Ozzy Osbourne hat dizze wike in slim ûngefal hân. Lokkich genôch docht The Ozzman (HE) fan Spannum it hiel best yn ‘e SDS League op in 19e plakje. H.E. syn kommintaar op it ûngelok fan Ozzy wie nuchter: “Sy seinen dat hy bûten libbensgefaar is. Dat is best genôch want dat is dan foar it earst fan syn libben”.

Ûnderyn wurdt Swenggg! (TH) in hieltiten gruttere konkurrint fan Kuipers Haarmode (F en SS). It skeelt no noch mar 4 punten mei noch twa wiken te gean.

Groetnis, Willem.

Hjir de nije stân: wike 10.