Nije trainer (13)

SDS 1 seal pakt knappe oerwinning
11 december 2003
Min waar sneon?
11 december 2003

It begjint der op te lykjen dat wy hast in ein breidsje kinne oan dizze rubryk. Dat der aardich lêsen wurdt docht wol bliken út de sifers. De ôfrûne dagen binne der deis mear as 100 besikers op de side west om te sjen at de nije trainer no al bekend is.

Wy ferwachtsje sear binnenkoart de nije trainer hjir bekend te meitsjen. Op dit moment binne der twa kandidaten dy ’t by SDS op gesprek west binne dy in goeie kans meitsje om trainer fan SDS 1 te wurden. It giet hjir fansels om de twa boppesten op us listje: Lykle Bleekveld(no Ouwe Syl) en Johnny Nota(no Zeerobben). Neffens ús (sear betroubare) ynformaasje wurdt der út dizze twa keazen. It sil ús benije.

No at wy yn ‘e gaten hawwe dat SDS yn ‘e djoere “trainersklasse” siket, en dus net in goedkeape trainer fan in reserve-klasser siket, kinne wy wer inkele nammen skrasse. Wichard Deinum bliket gjin papieren te hawwen en is fiersten te djoer en wurdt dan ek skrast. Hjirmei bliuwt der in kans bestean dat Wichard dochs noch in jier trochgiet yn it earste.

Mocht it SDS-bestjoer der no noch net útkomme dan stean der noch genôch op ús listje.

Hjirûnder it hiele listje:
* Lykle Bleekveld ( no Ouwe Syl)
* Johnny Nota (no Zeerobben)
* Andre Onclin (no Heerenveense Boys)
* Hank Hornstra (no Workum)
* Gerlof Gerlofsma (no Tsjom)
* Riemer Kooistra (no Broekster Boys)
* Klaas Dijkstra (no CSL)
* Sjoerd Jan Eppinga (no Harkemase Boys 1)
* Roel Hoogeveen (no Balk)
* Gerlof Kootstra (no Opeinde)
* Eric Schuitemaker (no Creil)
* Johan Neeskens (no NEC)
* Rene VanderEyken (Twente)

Wa moat it fan jim wurde? Der binne fêst noch mear gegadigden. Mail it ús!