Nije trainer (11)

Traine op tongersdei
8 december 2003
SDS League: De ideale alve.
10 december 2003

In soad nijs hjoed oangeande trainers. Moai fansels mar noch altiten gjin nije trainer foar SDS 1. Wol kinne wy wer enkele nammen skrasse. André Semplonius(no Nijlân) giet neffens de berjochten nei QVC. Richard Elsinga(no Be Quick Dokkum) giet neffens betroubare bronnen nei GAVC.

Der binnen enkele nammen dy foar dat se op it listje komme al ôfskreaun wurde kinne. It is jammer foar Marco Ottens, mar Johny Ligthart hat foar in jier bytekene by Mulier.

Neffens ús ynformaasje hat Cees Jansen noch net in nije club. Syn jeugdleafde Blauw-Wit ’34 is foar him gjin opsje mear. Sy hawwe mei Ronnie Kramer(no Oranje Nassau Groningen) al in nije trainer fûn foar takommend seizoen.

Om de list dochs in bytsje op peil te hâlden skriuwe wy dochs wer twa nije nammen derby. Hank Hornstra stoppet by Workum en is kommend seizoen noch frij. André Onclin giet fuort by Heerenveense Boys en hat noch gjin nije club. Foar SDS wurdt it miskien wat dreech om him te heljen oansjoen Harkemase Boys ek belangstelling foar him liket te hawwen. Dochs skriuwe wy se der beide by.

Hjirûnder it hiele listje:
* Lykle Bleekveld ( no Ouwe Syl)
* Johnny Nota (no Zeerobben)
* Andre Onclin (no Heerenveense Boys)
* Hank Hornstra (no Workum)
* Gerlof Gerlofsma (no Tsjom)
* Atze van der Wijk (Kootstertille)
* Riemer Kooistra (no Broekster Boys)
* Klaas Dijkstra (no CSL)
* Klaas Westra (no Harkemase Boys 2)
* Sjoerd Jan Eppinga (no Harkemase Boys 1)
* Wichard Deinum (no spiler SDS 1)
* Roel Hoogeveen (no Balk)
* Marco Hoekstra (no SDS 2)
* Frans Nijholt (no SC Joure 2)
* Gerlof Kootstra (no Opeinde)
* Eric Schuitemaker (no Creil)
* Johan Neeskens (no NEC)
* Fritz Korbach

Wa moat it fan jim wurde? Der binne fêst noch mear gegadigden. Mail it ús!