Nije trainer (12)

SDS League: The Butchers allinne op kop.
10 december 2003
SDS 1 seal pakt knappe oerwinning
11 december 2003

In oantal jierren lyn is Hinke Kuiper op de foto setten mei Fritz Korbach. Fan dêr dat der Fritz op de list stie. Hy koe lykwols kieze tusken Hinkes Hobbelhynders en de Amstelmaten ploech. Hy koe net goed greep krije op Hinke, sadat hy keazen hat foar de Amstelmaten ploech. Mei trije man yn de ploech ek better te oersjen at it sicht wat minder is. Wy skriuwe him ôf. Dit ek oansjoen der noch net bekend is at der yn ‘e nije kantine skylk wol sigaren rookt wurde meie.(Keninginnedei wurdt der wierskynlik allinne in útsûndering makke.)

It kommend wykein ferwachtsje wy dat Twente ferliest en dat Vander Eyken yn de winterstop op strjitte setten wurdt. Wy sette him der al fêst mar op om sa in ynternasjonaal listke te krijen en oare klups miskien foar te wêzen.

Atze van der Wijk moatte wy helaas skrasse. In trainer dy’t it wurk prefereart boppe it fuotbal sil hjir net gedije.

Dat wy âld-SDS-trainer Klaas Dijkstra(no CSL) op it listje setten hienen wie net sa raar betocht. Op
www.voetbalnoord.nl foel hjoed te lêsen dat syn kontrakt net ferlengd wurdt. Nei 3 kear degradeare te wêzen (2x Balk en 1x CSL) ferwachtsje wy him net op in soad oare listjes.
(P.s.CSL stiet no 2e.)

Nei it misserke oer Jan Ydema twifelen wy efkes oan de betrouberens fan ús ynformanten. No at wy hjoed lêsen op Voetbalnoord dat Richard Elsinga fan Be Quick Dokkum echt nei GAVC giet, is dit fansels wer hielendal yn oarder.

Hjirûnder it hiele listje:
* Lykle Bleekveld ( no Ouwe Syl)
* Johnny Nota (no Zeerobben)
* Andre Onclin (no Heerenveense Boys)
* Hank Hornstra (no Workum)
* Gerlof Gerlofsma (no Tsjom)
* Riemer Kooistra (no Broekster Boys)
* Klaas Dijkstra (no CSL)
* Klaas Westra (no Harkemase Boys 2)
* Sjoerd Jan Eppinga (no Harkemase Boys 1)
* Wichard Deinum (no spiler SDS 1)
* Roel Hoogeveen (no Balk)
* Marco Hoekstra (no SDS 2)
* Frans Nijholt (no SC Joure 2)
* Gerlof Kootstra (no Opeinde)
* Eric Schuitemaker (no Creil)
* Johan Neeskens (no NEC)
* Rene VanderEyken (Twente)

Wa moat it fan jim wurde? Der binne fêst noch mear gegadigden. Mail it ús!