SDS 1 seal pakt knappe oerwinning

Nije trainer (12)
10 december 2003
Nije trainer (13)
11 december 2003

It 1e sealteam fan SDS hat justerjûn in knappe oerwinning behelle op Ens. Yn ‘e Greidhoeke wûnen sy mei 6-1. In knappe generale foar de topper tsjin WZS.

SDS wie fan te foaren al wat benaud foar Ens. Yn de earste wedstriid yn Ens wienen sy better, ûndanks dat SDS wûn en foar de beker hat SDS fan Ens ferlern. Alle reden om net te tinken oan in makkie. De earste helte gie it spul op en del. Echt goed wie it net fan beide kanten.(Dat it net al te best wie gean wy net te bot op yn oansjoen allinne Aant en Pieter dit sjoen hawwe. De rest fan de fêste supporters sieten yn ‘e kantine sawol nei PSV as it sealfuotbal te sjen.) It wie Willem dy ’t nei in kertier 1-0 makke. Foar rêst makken sy noch 1-1.

De twadde helte gie ek lyk op. It wie Harm dy ’t skoorde, mar neffens de skeids makke Willem in oertreding doe hy Harm de bal joech en dizze goal waard dan ek ôfkeurd. It wie Peter dy ’t nei sa ’n 10 minuten wol de 2-1 makke. Ens begie te drukken en SDS krige foaryn mear romte. en al gau foelen de goals by boskjes. SDS krige it noch it dreechst doe sy mei in man mear spilen. Jan Simon rêdde knap doe ’t ien allinne op him ôfkaam. Doe ’t Tsjipke de 3-1 makke, nei in goeie aksje fan Peter, wie it dien foar Ens. Harm(2x) en Willem makken de 3 lêste goals.

Set it mar fêst yn ‘e aginda. Kommende woansdei 17 desimber spilet SDS 1 thús tsjin WZS. Dit is it duel tusken de nûmers 1 en 2. Beide ploechen hawwe oan ’t no ta noch mar ien kear ferlern. Wy ferwachtsje jimme allegeare om 21.00 oere yn ‘e Greidhoeke. Titus hat de kofje om 20.45 al wol klear.