Weppers woansdei 5-9-2018

Wike fan de skiedsrjochter 6 oant 14 oktober
3 september 2018
Weppers freed 7-9-2018
7 september 2018

Beker: SDS MO15-1 – LSC MO15-1

Jûn om 19.00 oere spylje de jongfammen fan SDS MO15-1 en LSC MO15-1 tsjin elkoar op it keunstgers foar de beker. Elkenien is wolkom!

Traine efter de sporthal

Om ’t jûn de bekerwedstriid fan de MO15-1 op it keunstgersfjild is, wurde de trainingen fanôf 18.20 oere ferskoot nei efter de sporthal.

Net foar de boksen traine

Om ’t it fjildsje op sneons folop brûkt wurdt troch de jongste jeugd foar de beker-, kompetysjewedstriden en Mini-League is it net de bedoeling om der troch de wike op te trainen.

SDS 1 oefent

SDS 1 mei kommend wykein út bekerje tsjin Beetgum 1 en sil tiisdei yn Wâldsein oefenje tsjin de pleatselijke trots om 20.00 oere.

SDS 2 oefent

Om’t Blauw-Wit ’64 3 út de beker stapt is hat SDS 2 sneon frij. Dat lit trainer Okke van der Kamp him net barre en hat fansels in oefenwedstriid regele. SDS 2 oefent no sneon om 14.30 oere thús tsjin BCV 2.

SDS JO 17 – ST. Annaparochie JO17-1    4  –  5  /  FVC JO19-1  –  SDS JO19-1   4 – 1

Mei in diels ny team wie it ofrune sneon de earste bekerwedstriid foar de JO17-1. Hoe soe dit gean en dan ek al gelyk in sterke tsjinstander ut de 1e klasse. It antwurd is dudlik, dit gie poerbest. Efkes ofsjoen fan it nipte ferlies, siet der oer alle linies in protte fuotbal yn.  Moai fersoarge fuotbal sunder hieltiid gebruk te meitsjen fan de lange bal, iets wat ferline jier te faak barde. Moai om te sjen dat alle jongens dus wer better wurden binne. De nr. 10 fan de tsjinstander wie ek wol hiel goed en wie betiiden net te bespyljen. Hy skoarde dan ek alle 5 de goals foar St. Annaparochie. En wat koe SDS der tsjinoer stelle ?  Best wol in hiel soad. Fuotbaljend beslist net minder en ek yn goals kaam SDS noch hiel tichtby. De goals wiene fan Gerrit, Anco en 2x Gebrand. Dit biedt in soad perspektief foar de kommende wedstriiden.  Komplimenten foar alle jongens, yn it bysunder Anco en DJ (Douwe Jan).  Fuort nei harren wedstriid nei Ljouwert om der wer te helpen by de JO19-1. Dit wie ek echt nedich, want dizze jongens hiene gjin inkele wiksel en sels noch 1 mei in blessure yn it fjild stean. Ja, en dan tsjin FVC JO19-1, in ploeg die twa jier lien noch 4e divisie spyle (en 4 fitte spylers op e bank). Ek dit wie fan SDS kant in prima wedstriid. Lang bliuwt it 1-1, mar de jongens koene dit net tot oan it ein folhalde, hielendal begrypelik fansels. Konklusie: Twa prima wedstriiden sjoen fan JO17-1 en JO19-1.                 Spitich genoch wol twa kear ferlies, mar dit hie wol oars kinnen. Der koene dizze groep spylers, trainer/leider (Henk) en leider (Folkert Rients) in elts gefal neat oan dwaan, sy ha der absoluut it maximale uthelle !!!
Theo.

ST. SDS/Nijland JO15-2

Justerjûn mochten de mannen fan SDS-Nijland JO15-2 foar it earst los yn de beker. Sy mochten nei Zeerobben wêr ’t de Harnsers blykber aardich hersteld wienen fan de Fiskerijdagen. SDS hold him knap, mar koe net foarkomme dat de Harnsers mei 6-1 wûnen. De teamfoto wie al knap slagge.

De nije SDS-League

It ynskriuwformulier en de útlis fan de nije SDS-League kinne jim hjir fine. Graach ynfulle foar nije wike sneon 15 septimber om 19.00 oere. Je hoefe net te wachtsjen op kommend wykein om te sjen welke spilers je it beste hawwe kinne, want it wykein is der gjin Eredivisiefuotbal. Dat komt moai út, want dan kinne wy 15 septimber moai los. Der wienen mear dy ’t dit yn de gaten hienen, want de earste 4 teams hawwe wy al binnen!

Harsens derby (2047)

As it net kin sa as it moat, dan moat it mar sa ’t it kin…….