SDS-League: Alwer in nije koprinner!

Weppers moandei 29-4-2024
29 april 2024
Weppers freed 3-5-2024
3 mei 2024

It is dizze wike Stefan van der Velde mei ‘Karjan Cevitam’ dy’t wer ris in wykpriis pakt. Hy hat 57 punten en bliuwt dêrmei Jasper de Boer mei ‘Ajax Kampioen’ en Sjoerd van Beem mei ‘Aan de kant ik moet naar het stadion’ krekt 3 puntsjes foar.

Boppeyn bliuwt it stuorke wikseljen. No pakt ‘Buurman & Buurman’ fan Anco Bervoets en Kevin Den Haan de kopposysje oer fan ‘FC Voed’ fan Wessel Wijnja. Kevin den Haan kin wol wat gelok brûke, want hy is ferline wike op trainen slim blesseard rekke oan syn ankel.

De reade lantearn is noch altiten foar ‘Hoekie Boys 12′ fan Marc Hoekstra dy ’t hast wol romte meitsje kin yn de paraplubak mei 23 punten efterstân op de nûmer ien nei lêst, Annejan Hallema mei ‘De Trots van Friesland’.

SDS League 2023-2024 twadde helte stand wike 10