Weppers moandei 29-4-2024

Weppers tongersdei 25-4-2024
25 april 2024
SDS-League: Alwer in nije koprinner!
30 april 2024

Oefenje

SDS 2 sil tiisdeitejûn om 20.00 oere yn Easterein oefenje tsjin Broekster Boys 2.

Slotdei SDS

Op sneon 18 maaie is de slotdei fan SDS. SDS 1 spilet dan syn lêste wedstriid fan it seizoen thús tsjin vv Nijland 1. Hjirnei is der muzyk en iterij. It wiere programma folget noch.

Nije stipersbuorden

De ôfrûne tiid binne der wer aardich wat nije stipersbuorden by kommen by SDS:

SDS-League

Moarntejûn kinne jim hjir wer de nijste stân fan de SDS-League ferwachtsje.

Wa is dit?

De wepmasters binne drok dwaande alle teamfoto’s fan SDS fanôf it begjin oant no te foarsjen fan nammen. De iene foto is wat makkelijker as de oare. Sommige foto’s heakje bygelyks op ien namme. Wa wit sa wa’t dit keeperke hjir linksûnder op de foto is? ……………….. Boekholt?
Mail it nei willem@vv-sds.nl
Ynmiddels hat Korné Boekholt ús al efkes út de brân holpen. It is syn bruorke Robert Boekholt.

Harsens derby (2246)

Al in goal om de earen, mar de mich hat se te pakken……………..