Weppers woansdei 8-5-2024

SDS-League: Jelte-Pieters ‘Hangover 96’ pakt de wykpriis!
7 mei 2024
Programma freedtejûn
8 mei 2024

Programma slotfeest

Net mei de bus

Kommende sneon soe der mooglik in bus gean út Easterein nei de útwedstriid SV Oosterwolde 1 – SDS 1. Dit wurdt him net. Der wie net folle animo en de kosten foar in bus lizze noch al heech yn sa ’n Himelfeartwykein.

Fersetten

Alle wedstriden yn de 3e-Klasse-A begjinne sneon om 15.00 oere en nije wike om 14.30 oere. Dus sneon sv Oosterwolde 1 – SDS 1 om 15.00 oere en nije wike SDS 1 – Nijland 1 om 14.30 oere.

Koachjassen ynleverje

De SDS-koachjassen kinne de lieders sneon 11 en 18 maaie ynleverje yn de bestjoerskeamer.

7×7-balje

De fjouwer 18+ teams komme freedtejûn wer yn aksje yn harren 7 tsjin 7 kompetysje. Sij dogge dat op it fjild bij SDS of Mulier of FFS.

Grapke

By SDS 2 hâlde sy wol fan in grapke. Ofrûne sneon hie ien de fyts fan trainer Samir op it kassahokje setten. Eeltsje Bootsma hat him holpen om de fyts der wer ôf te heljen. Fansels moast Eeltsje al efkes op de foto.

Theatershow

Foar SDS’ers dy’t gek binne fan fuotbaljen en theater hawwe wy in alderaardichste foarstelling trochkrigen. Willem van Hanegem en Wim Rijsbergen mei sidekick Eddy van der Leij op sneon 22 juny yn it Haske op de Jouwer.

Theatershow (2)

Foar 25 maaie binne der ek noch wat kaarten.

Harsens derby (2248)

Ho……….