De nije SDS-League! Ynleverje foar freed 13 febrewaris 20.00 oere

Weppers moandei 5-9-2022
5 september 2022
SDS-jubileumplaatsjesboek is rûn en de plaatsjes kinne no sparre wurde by Jumbo-Kooistra yn Wommels!
7 september 2022
Weppers moandei 5-9-2022
5 september 2022
SDS-jubileumplaatsjesboek is rûn en de plaatsjes kinne no sparre wurde by Jumbo-Kooistra yn Wommels!
7 september 2022

By it 50-jierrich bestean fan SDS yn 1997 waard der foar it earst in SDS-League organiseard.
Dat betsjut dat de SDS-League dus al mear as 25 jier bestiet.
Sjoerd Postma en Meinte Wesselius hawwe de earste edysje organiseard om oan jild te kommen foar dat 50-jierrich jubileum.

Ynmiddels binne wy mear as 25 jier fierder en hawwe wy der noch altiten in soad wille fan.

De transferperioade sit der eindelijk wer op en dat betsjut dat wy wer los kinne mei in nije SDS-League.
It wurdt de 74e SDS-League alwer.

De transfermerke is eindelijk slúten en dat betsjut dat wy los kinne mei de earste helte fan de SDS-League.
Meitsje je team en leverje je team yn foar freed 11 septimber 20.00 oere.

Je team moat bestean út:
1 keeper
4 ferdedigers
3 middenfjilders
3 spitsen

Je meie net mear as ien spiler per klup opstelle.

Je meie net mear as ien team per persoan ynleverje.

Hjir it nije ynskriuwformulier:
*Spilerslist SDS-League earste helte 2026-2027

Mochten je in foutsje tsjinkomme lit it ús dan efkes witte.
Gratisvoetbalmanager.com is liedend.

Graach je team ynleverje mei de nûmers fan de spilers der by.
Wolle je it ynskriuwformulier yn Excel hawwe, app dan efkes mei Willem.

De kosten binne noch altiten €12,50 per seizoenshelte.
As je oan de earste helte meidien hawwe dan dogge je automatyske mei oan de twadde helte fan it seizoen.

Wy meitsje de list mei help fan gratisvoetbalmanager.com en de puntentelling is sa:

Wy winskje jim alfêst in hiel soad súkses ta!

De kosten binne €12,50 per seizoenshelte.
As je oan de earste helte meidogge dan dogge je automatysk ek mei oan de twadde helte fan it seizoen.

Jimme kinne jimme teams wer ynleverje by:

Pieter Kamstra, Hofsleane 25, Easterein

of by

Willem Wijnia, De Homeie 27, 8731 EC Wommels.

Ek kinne jimme jim team maile nei:
SDSLeague@vv-sds.nl
De stân kinne jimme eltse wike neilêze hjir op de webside!

Súkses!!

Ut namme fan de SDS-Leaguekommisje,
Willem