Weppers freed 7-9-2018

Weppers woansdei 5-9-2018
5 september 2018
Sneon 8-9-2018
7 september 2018

SDS 1 op wei nei de earste oerwinning?

SDS 1 mei moarn de earste oerwinning fan it seizoen te heljen yn it bekertoernoai. Beetgum 1 is de tsjinstanner yn Bitgum. Om 14.30 oere sil dizze seleksje foar de punten stride.
12.30 aanwezig
12.45 bespreking
1 Jaap
2 Gerwin
3 Jacob-Klaas
4 Marco©
5 Remco
6 Ewout
7 Matthijs
8 Wiebe
9 Habtamu
10 Pieter
11 Lourens
12 Bauke
13 Frank
14 Yward
15 Erik

SDS 2 oefent tsjin BCV 2

SDS 2 mei hjoed oefenje yn Easterein tsjin de Burgumers fan BCV 2 en it begjint om 14.30 oere (13.30 der wêze)
Dizze seleksje sil it dwaan moatte:
Gertjan, Jorrit, Watze-Jacob, Anne, Durk, Feite, Hendrik, Inne, Jildert, Jurjen, Lieuwe, Piter, Ralph, Tjeerd, Wiebe en Jesse.

Is SDS 4 klear foar de folgende bekerwedstriid?

Wij sille it nea witte. SDS 4 giet net troch

Wij wiene benijd as SDS 4 it goed oppakke kin nei it ferlies fan ferline wike yn Arum. Om 14.30 oere soene sy thús tsjin Oeverzwaluwen 3. Sy soene sammelje om 13.45 oere.
De seleksje:
Arjan H, Allert T, Doede S, Johan P, Steffen B, Johannes A, Andries L, Thomas G, Jelmer P, Doede D.K, Peter S. en Gert-Jan H.

SDS-Grins-auto mei help fan Bosch Car Service Wheagan

De fuotballers Gerwin Sijbesma, Yward Zijlstra, Jorrit Hofstra en Watze-Jacob van der Wal studere alle fjouwer yn Grins en kinne dit eins net kombinere mei it fuotbaljen by SDS 1. Yn gearwurking mei Bosch Car Service Wheagan út Wommels hat SDS 1 om in oplossing socht en hat in autootsje regele foar de jongens sadat sy twa kear yn de wike traine kinne en sneons fuotbalje ûndanks dat sy yn Grins studeare. Hjir binne wy tige wiis mei!

De nije SDS-League

It ynskriuwformulier en de útlis fan de nije SDS-League kinne jim hjir fine. Graach ynfulle foar nije wike sneon 15 septimber om 19.00 oere. Sneon lizze der ek wol formulieren yn de kantine

De spiker op syn kop

Fansels fine wy it prachtich dat der by SDS op keunstgers traind wurde kin. Dat betsjut dat der altiten traind wurde kin. Dochs liket it ús wolris goed as de jeugd dêrneist wer mear op gers of strjitte fuotbaljen giet. Sjoerd Mossou wit dat wer moai foar ús te ferwurdsjen (sjoch hjir).

Nachtkeatsen op it keunstgersfjild

Der wurdt dit wykein net allinnich folop fuotballe op de Skoalleseize, mar ek keatst. Hjoed is de BoerenPC en moarntejûn wurdt der nachtkeatst. Om it lytse fjildsje foar de boksen wat te sparjen wurdt der foar it earst ek op it keunstgersfjild keatst.

Harsens derby (2048)

Sorry!

 

 

Letter mear!