Weppers woansdei 21-9

Weppers moandei 19-9
19 september 2016
Kom ek!
22 september 2016

Ferslach

De ferslagen druppelje noch altiten binnen. Wij pleatse se allegear bij alles oer de sneon doe’t it plak fûn. Lês hoe’t SDS 1 sich bestellen fielde en hoe’t SDS JO`15-2 kreas wurk ôflevere tsjin sc Joure. De nijste ferslaggen binne read makke

Troch de wike

Wij sjogge yn it programma noch ien troch de wykse wedstriid stean. Tongersdei giet SDS JO15-3 nei Aldegea om Oudega, HJSC en Heeg te ferslaan.

SDS 1 – De Griffioen 1

Sneon spilet SDS 1 wer thús tsjin De griffioen. De wedstryd begjint net sa ’t de poster seit om 15.00 oere, mar gewoan om 14.30 oere.

Doelpunten

Wij meitsje altiten in doelpuntenoersicht fan SDS 1, 2,3,4 en VR1 , foar safier wij it trochkrije…….

namme 1 2 4 VR1 Totaal
Pieter Kamstra 3 3
Jelmer Posthumus 2 2
Tjeerd de Vries 2 2
Lourens van der Pol 2 2
Ewout de Boer 1 1
Jeska Terpstra 1 1
Tjitske Heeres 1 1
Bote Strikwerda 1 1
Feite de Haan 1 1
Stefan van Krimpen 1 1
Eeltje Postma 1 1
Dirk de Jong 1 1
Sieta Tessemaker 1 1
Totaal 6 8 1 3 18

 

Teamfoto JO11-2

jo11-2-2016-2017
Se steane der mar kreas op, de mannen fan JO11-2.  At jim  witte wolle wa’t der bij sitte, sjoch dan hjir efkes.

De league

Uterlik sneontejûn foar 19.00 oere de formulieren ynfulle. Sjoch de foarside foar de formulieren ensf. Elkenien kin meidwaan!

Blessures op keunstgers?

Neffens it programma Radar soenen der op keunstgers mear blessures foarkomme as op gewoan gers. Dikke kolder fansels, want by SDS 1 is allinnich Jaap Toering blesseard en dat hat neat mei it keunstgers te krijen 😉 Sjoch hjir foar it artikel.

Sneu

Dan binne je in Dútse keeper, krije op sneon 43 goals om de earen en as dat net genôch is wurde je ek noch oppakt troch de plysje………. (sjoch hjir).

Harsens derby (1762)

Alderaardichste assist!