Weppers moandei 22-4-2024

Sneon 20-4-2024
19 april 2024
Ferling je seizoenkaart fan sc Heerenveen en stypje SDS!
24 april 2024

IJVC 3 – SDS 3

SDS 3 mei moarn alwer balje tsjin IJVC 3. No yn Drylts. Dizze seleksje fertrekt moarn om 19.00 oere út Easterein.
Jorrit E
Michael
Arjan
Aiso
Harm
Wiltsje
Jasper
Doede
Kees
Ate
Jildert
Halbe
Marco
Jorrit Veldman

Poiesz-aksje

Undanks dat de dyk tusken Easterein en Skearnegoutum der in skoft útlein hat hawwe wy dochs noch in moai bedrach fan de Poiesz krigen foar de SDS-jeugd. Tige by tige!

Bestjoerskeamer

De bestjoerskeamers yn de Skoalleseize wienen wol oan in opknapbeurtsje ta. It hat efkes duorre, mar it rissultaat mei der wêze:

SDS’er thús

Nei 20 jier yn Drylts te wenjen koe Jan Keuning as SDS’er syn favorite klup no eindelijk ris yn Drylts besjen. It levere him foaral moetings op mei in soad âlde bekenden. Spitich genôch gjin 3 punten…

SDS’ers der op út!

Dirk de Jong gie foarich wykein mei syn maten nei Ingelân. Sy soenen in wedstrydsje fan West Ham United besykje, mar dy waard fersetten. Doe waard it Milwall – Cardif City. Op The Den waard it 3-1 foar Milwall. Dirk wurdt no nachts noch wekker fan it ; ‘No one likes us, but we don’t care’.

SDS’ers der op út!(2)

De familie Sijbesma gie der dit wykein op út en pikte efkes in alderaardichst wedstrydsje út. Sy gienen nei stadion Mestalla nei Valencia – Real Betis Sevilla. It stadion is tige steil en âld en dêrtroch júst sa moai. De wedstriid eindige yn 1-2.

SDS’ers der op út!(3)

De familie Wijnia gie der dit wykein ek mei de familie op út nei Noardburgum en pikte in iets mindere wedstryd út; IJVC – SDS. Neist in wynerich en reinerich âld-keunstgersfjild koenen sy it net bot waarm hâlde en seagen SDS ek noch mei 2-1 ferliezen. De prachtige kantine makke al in soad goed. Al is it al in fereiste dat in fuotbalkantine nei de fuotbalwedstriid iepen is…..

SDS-League

Alderaardichst sa ’n bekerfinale, mar dat betsjut dat wy dizze wike gjin SDS-League hawwe. Nije wike tiisdei hawwe wy wer in nije stân.

Harsens derby (2244)

Toet, toet!