Weppers tongersdei 25-4-2024

Ferling je seizoenkaart fan sc Heerenveen en stypje SDS!
24 april 2024
Weppers moandei 29-4-2024
29 april 2024

ST. SDS/Nijland JO14 troch nei de finale

ST. SDS/Nijland JO14-1 hat justerjûn fuotballe yn de heale finale fan de beker yn Appelskea tsjin Stânfries JO14-1 en mei mar leafst 6-1 wûn. Dit bestjut dat sy trochgean nei de finale.

Stânfries en SDS/Nijland krekt foar de wedstriid


In knappe 1-6 foar SDS/Nijland JO14-1 nei de wedstriid

SDS 3 ûnderút

Tiisdeitejûn mocht SDS 3 op ‘e nij tsjin IJVC balje lykas ôfrûne sneon. Sneon waard it lyk (1-1) en dat wie no ek de ferhâlding. IJVC wûn úteinlik dochs mei 6-2 mei troch 2 penaltys foar IJVC en in prachtige ôfkeurde goal fan Kees Sandstra foar SDS. De twa goals fan SDS 3 dy’t al telden wienen fan Ate Schaap en Kees Sandstra dy’t beide folop foar de topskoordersbokaal geane.

Kantine

De kantine is fannejûn wer iepen. Jûn noch mei in SDS’er efter de bar en dan nimt nije wike KF Easterein de bartsjinst wer oer oant ein augustus. Wiebe Heeres sil jûn de bar ferdedigje.

Wa is dit?

De wepmasters binne drok dwaande alle teamfoto’s fan SDS fanôf it begjin oant no te foarsjen fan nammen. De iene foto is wat makkelijker as de oare. Sommige foto’s heakje bygelyks op ien namme. Wa wit sa wa’t dat jonkje hjir linksûnder op de foto neist de keeper is? Mail it nei willem@vv-sds.nl

Nije bestjoerskeamer

Sa hawwe sy de nije bestjoerskeamer dus sa moai krigen. Samar klear……

Harsens derby (2245)

SDS 4 gie ôfrûne sneon op ‘e nij net troch en is 27 april en 4 maaie frij……….. No al nocht yn 11 maaie!