Weppers tongersdei 27-10

SDS League: Elf van Delf pakke wykpriis!
26 oktober 2011
Weppers freed 28-10
27 oktober 2011

De winners bij de F-kes

Sneon wie it Meinte Sixmatoernooi. Der wiene fansels ek winners. Douwe Durk stjoerde ús in foto.

De winners bij de E-tsjes

En ek de winners fan de E’tsjes binne op de foto knipt.

Broekster Boys 1 – SDS 1
Sneon moat SDS nei de wâlden. Broekster Boys is de tsjinstanner. De ploegen hawwe wol faker tsjin elkoar spile en hoe’t dat allegear gien is kinne jim
hjir sjen.

Twadde klasse
SDS sit al hiel lang yn de twadde klasse. Freed is hjir te sjen hoefolle punten dat oplevere hat.

Kalkje
De linekalkers fan SDS binne sûnt ferline wike optein. Der is in bettere kalkmasjine yn gebrûk en dat wie sneon ek al te sjen: Pittige wite linen.

Fleis
Wij witte net krekt hoe’t it ferline wike gien is mei it kaarten en darten yn de kantine mar wat wij wol witte is dat Albert Tiemersma der sneon wat bekaaid ôfkaam doe’t hij mei mem Elly de boadskippen die. Hij tocht efkes wat fleis útsykje te kinnen, mar Elly joech gelyk oan: “dat hoecht net Albert, want heit hat it fleis bij it kaarten wûn”. Dus ien priiswinner is bekend.

Oare winners
Feike Jorritsma lit ús witte dat hy foarige wike mei it kaarten de rollade wûn en Ype de karbonades. Wa ’t de drûge woarsten yn de tas stoppe wit hy net mear.

Te keap
SDS-trainingspak maat S
Voetbalbroekje Puma maat S
Voetbalschoenen puma maat 38
Keeper handschoenen
Wintertrainings handschoenen nike. 
1 jaar gebruikt.
Schoenen zijn nog zowat nieuw.
Gelieve alles in 1 keer overnemen, vraagprijs Euro 50,00. 
Graag reactie via email.
nynckeposthuma@hotmail.com 
Groeten Nyncke

Foto’s Rûnom Easterein
Foar de fytsfanaten binne hjir de foto’s noch fan Rûnom Easterein 2011. Mei tank oan Klaas Kamstra! 
Groetnis Dirk-Yde

Harsens derby (596)
Nei de “snikkelgoal” fan Kums hjir(nei 1.40) de nippelgoal fan de beste sealfuotballer ea, Falcao: