Weppers freed 28-10

Weppers tongersdei 27-10
26 oktober 2011
Seleksjes sneon 29-10
27 oktober 2011

Programma
It programma foar sneon kinne jim
hjir alfêst fine.

B junioren

Sij wurde moarn om 9.30 oere ferwachte bij de Skoalleseize. Mei de fyts, want se sille meielkoar op de fyts nei Skearnegoutum. Wij binne no al benijd hoe’t it mei de lieders komt.

C1
Soe tsjin Nijland fuotbalje, mar dit giet net troch. Nijland hat te min spilers.

SDS 4
SDS 4 hie sneon in útwedstriid tjsin Scharnegoutum op it programma stean. Dy wedstriid is ferskood nei woansdei 19.30 oere. Wij ha gjin idee wêrom dit is.

Fan topper nei…..
Juster en hjoed pronkt Johan Delfsma noch op de side as de kenner fan de leaugue mei de wykpriis. Hij hat de kommende 4 wiken yn alle gefallen tiid om de jildpriis út te jaan op sneon, want read fan sneon is 4 wedstriden wurden.

MC1-kompleet
align=baseline
Bij MC1 hawwe se de pr saakjes goed foarelkoar. In skoftke lyn allegear op de foto foar de SDS side. Op ien nei. Mar dat is no ek klear (mei tank oan Jacomien Heeres). Luisa Kooistra wie de lêste en at jim op de foto klikke, sjogge jim de rest fan de ploech ek.

C1 nije rinsjurts

Momenteel is der ien âlvetal dat allegear sweaters oan hat tidens de warming up.
Se rinne der kreas by de C1.

Brêge derút
De famkes fan SDS MC1 moatte moarn út nei Idskenhúzen om tsjin de famkes fan MC1 te fuotbaljen. Om op tiid te kommen kinne sy better net oer Spannenburg ride, want dy brêge leit derút.

Kaarten
Dêr wie de folsleine útslach al fan ferline wike.
1ste Feike Jorritsma mei 5374 pnt.
2de Ype Tiemersma mei 5327 pnt.
3de Tinus Hoekstra mei 4979 pnt.

Harsens derby (597)
Wy hawwe dizze misser nochris besjoen, mar neffens ús kin der net mis of wy moatte it mis hawwe fansels………