Weppers snein 7-12

Ut- en ferslaggen 6-12
4 december 2014
Weppers moandei 8-12
7 december 2014

Skiedsrjochters
De skiedsrjochters hawwe no oan de lofterside fan de wepside yn it menu no harren eigen plakje. Dêr komt it programma te stean mei de skiedsrjochters derbij en oare ynformaasje fan harren.

Gearkomst
Kommende woansdei 10 desimber is der lieders-trainersbijienkomst foar de jeugdalvetallen. It begjint om 19.30 oere.

De pet

Taskôgers binne op 6 desimber tige ynnommen mei in lekker sintsje. Sa ek juster. Foar skiedsrjochters is dit lestich. Bram van Beem joech yn syn ferslach fan SDS 5 al oan dat de skiedsrjochter yn Drylts der bot lêst fan hie en meardere ferkearde beslissingen naam dêrtroch. Bij SDS 4 hie de skiedsrjochter him taret op in leechsteande sinne. Wij wiene fergetten der in foto fan te meitsjen mar gelokkich hiene wij noch ien yn it argyf. It kin wêze dat dizze der wat oars út sjocht mar it giet om it idee.

De fyts
Harm Auke wie juster fansels de man mei syn trije doelpunten en in helpbal. Wol moai en goed allegear mar it hat ek syn skaadkanten. Want wa wol net in hantekening fan him of noch slimmer in fyts (!). Justermiddei út de kantine wei wie de fyts fuort.  Sykje bij de kantine holp net. Pas in oere letter waard de fyts wer fûn. Hij stie bij it kafee. Ut namme fan Harm en Vera : neat te tankjen foar it “lienen”

Kollum
Us favorite stikjeskriuwer yn it AD hat der wer goed sicht op. Lês
hjir

Moarn mear!