Weppers moandei 8-12

Weppers snein 7-12
6 december 2014
Sealtoernoai F-pupillen
8 december 2014

Net traine

Er kan vandaag niet getraind worden. Het is een waterballet op de trainingsvelden.
Oetze

Krystsealtoernoai F-pupillen
Kommende sneon is alwer it jierlijkse Krystsealtoernoai foar de F-pupillen. Hjir
de link foar de F-pupillen om harren op te jaan.


Spulrigelbewiis
Fanôf 1 jannewaris 2015 is it ferplicht dat jeugdige fuotballers fanôf in bepaalde leeftyd it spulrigelbewiis helje. Oars is meidwaan oan kompetysjewedstriden net mear mooglik. De jeugd fan SDS, dy’t it oangiet is ek ynformearre troch de skiedsrjochterkommisje en de stân is sa:
7 jeugdleden binne slagge…..lokwinske
6 jeugdleden hawwe in begjin makke en gean der foar…sukses
6 leden hawwe in ôfwachtende hâlding. Sij hawwe noch neat dien en sille no hast wol wat dwaan moatte. Mar och der binne fansels altyd guon dy’t oan it lêst ta wachtsje. Wij sitte der net oer yn.

Sokken

It kreazet it der mar aardich fan op yn it fjild al dy moaie nije sokken. Ek Bram van Beem dy’t syn fuotbalkarriere in nije kâns jout, pronke der sneon al efkes mei.

Theo bedankt!

SDS D1 is “najaarskampioen” wurden. Theo bedankt eltsenien om sich hinne yn syn ferslach.

Uiteraard neamt hy himsels net, want hy is immers de schriuwer fan it ferslach.

No, dan doch ik dat wol efkes: Theo bedankt, want sûnder dyn ynsicht, kennis en foaral organisaasjekwaliteit wie dit net allegaar op syn plakje fallen…

Herman

Barpersoniel bedankt!
It wie ôfrûne sneon noch lang tige smûk yn de kantine mei tank oan de barfrijwilligers Sipke en Hans en de mannen fan SDS 4, Ype en de Harm-Auke. Tige by tige!

DJ Harm-Auke!
Sûnt sneon binne wy der efter dat Harm-Auke Dijkstra net allinnich skore kin, mar ek plaatsjes draaie. Fanôf no dus DJ Jan-Bouke en DJ Harm-Auke.

Sinterklaasgedicht
Fansels wienen de gedichten op de Sinterklaasjûn fan SDS 2 wer magnifyk oer û.o. de keatswant fan Gerrit, de sus fan Allert, de skooter fan “Holleeder” en noch folle mear wat wy hjir net publisere meie.
Dit gedicht oer Van Gaal mei der ek wêze.

Alderaardichst
De nijste raasje:

In krystbeam foar de frou!
Dy ’t net rûchelt………


Harsens derby(1387)
Ho!