Weppers snein 4-10

Ut- en ferslaggen 3-10
1 oktober 2009
Weppers moandei 5-10
4 oktober 2009

Penaltykiller

At je in strafskop tsjinkrije en Marten Faber stiet yn it doel dan is it mar de fraach at je skoare. Sneon tsjin BCV 2 wie it Marten dy’t de bal al wer kearde en de stân op 3-1 hold. Wij seagen it fanôf de bank yn de lijte fan de kantine en knipten in foto

Mear foto’s




Henk Bootsma keas foar de feroaring dizze kear foar in fotoreportaazje fan meardere SDS alvetallen yn Easterein. Hij knipte de strafskop tsjin Marten ek, mar mei in telelins fanôf de oare kant fan it fjild. De kommende dagen mear foto’s fan Henk.

Klean fuort
It moat net gekker wurde. De famkes fan SDS wiene bliid dat se wûn hiene, mar sommige wiene net bliid doe’t se ûntdekten dat der klean fuort wie. In broek, skuon en riemen. Moatte wij mear sosjale kontrole tapasse, moatte alle klaaikeamers op slot of is hjir sprake fan in fergissing?

Oprop
Nei oanlieding fan it filmke fan freed mei grutste miste kânsen krigen wij in reaksje:
Is er misschien iemand die donderdagavond Hendrik de Jong heeft gefilmd? Hij omspeelde drie man als of het lantaarnpalen waren, maar lepelde de bal oog in oog met Jaap voor het doel langs.
Tsjalling

Foar Coen
Coen Rameau hat in hiele steapel teasjurts lizzen. Op in bult. Hij wol se graach opteare. Dat kin op in gewoane wize mar it kin ek flugger. Spesjaal foar Coen docht
Kitty it efkes foar. Wij ferwachtsje dat Coen ynkoarten yn de kantine sjen lit dat hij it ûnder de knibbel hat.

Eredivisie Live
Wij hawwe begrepen dat Ziggo dizze moanne Eredivisie Live fergees beskiber steld foar de abonnee’s dy’t digitale tv ha. Wij kinne it sels net kontroleare omdat wij of al in  “betelle” abonnemint ha of gjin digitale tv hawwe.

Klaverjasse
Nei it dikke ferlies fan SDS 1 en 3 foarige wike sneon wienen Eeltsje, Jacob Kah, René en Dirk-Yde ek wol wer ris ta oan in winstpartij. Dan kinne je mar it best mei syn fjouweren klaverjassen gean, want dan witte je yn elts gefal dat der noch 2 mei in oerwinning nei hûs ta gean….. Dirk-Yde en René hienen sneon better mar op bêd lizzen bliuwe kinnen(klik hjir).

35 +
Wij tinke dat de feteranen hjoed allegear om 17.00 oere nei it Dielshûs gean. Want wij ferwachtsje dat spesjaal foar harren Gurbe Douwstra 35plus sjonge sil. Foar alle oaren dy’t der hinne geane, sjongt hij mei freonen de oare lieten.

Alle ferslagen
It is prachtich om te sjen hoefolle koarte ferslachjes wij al binnen krije nei in fuotbalsneon. Jim kinne se
hjir allegear nochris besjen.