Weppers moandei 5-10

Weppers snein 4-10
3 oktober 2009
Weppers tiisdei 6-10
5 oktober 2009

SDS 6

Ids de Boer hat der foar soarge dat der sneon yn Skearnegoutum in opfallende alvetalfoto makke is. Neffens ús wie Ids (steand rjochts) hast de ienige dy’t yn de gaten hie dat der in foto makke is.

Kontrakt
Da1 wurde hieltyd profesjonieler. Se hawwe no in flinke trainersstêf om harren hinne en foar dit hiele seizoen twa ûnerfaren mar entoesjaste koaches. En omdat se net it risiko rinne wolle dat dy samar oerstappe nei in oare ploech hawwe se in kontrakt opsteld mei
Bram en Tsjeard.

Derby
Wy sjogge no al út nei de derby fan sneon tusken SDS 1 en Nijland 1. Beide ploegen hawwe noch net safolle punten. Wêr ’t SDS ôfrûne sneon gjin kâns hie tsjin Oeverzwaluwen hie Nijlân sneon genôch kâns om 3 punten te pakken. Yn de 85e minút stie Nijlân mei 3-1 foar tsjin Blauw-Wit ’34 doe ’t Elmar Woudstra foar Nijlân in penalty nimme mocht en dêrmei syn 3e goal meitsje koe. Hy miste jammerlijk en ek miste hy in minút letter in grutte kâns op 4-1. Hy koe hielendal wol troch de grûn sakje doe ’t Blauw-Wit yn de 88e en 91e minút ek noch lyk kaam (sjoch ek hjir).

SDS – Nijland-pool!
Yn gearwurking mei de wepmaster fan vv Nijland wolle wy graach wer in pooltsje opsette foar de derby fan sneon tusken SDS en Nijland. Mail ús de rêst- en einstân en wy binne benijd wa ’t der gelyk krije.
Mail ús jo foarsizzing! Mail nei info@vv-sds.nl.

Fuotbalplaatsjes
Wy binne sels noch net by de Jumbo west, mar as it goed is dan kinne je dêr fanôf hjoed by eltse €10,- oan boadskippen in pûtsje mei SDS-fuotbalplaatsjes krije. Wy binne tige benijd!
It plaatsjesboek is heechstwierskynlik fanôf woansdei by de Jumbo te krijen.


“De moaiste hast-goals” (2)
Dizze aksje fan Pelé op it WK fan 1970 yn Mexico is machtich. Spitich genôch falt de bal krekt njonken de goal.