Weppers moandei 11-6-2018

Weppers snein 10-6-2018
10 juni 2018
SDS WK-league 2018
12 juni 2018

Wolkom werom!

Inne Heerma hat him ferline seizoen ôfmelden as lid y.f.m. in slimme knibbelblessure. Nei in jier revalideren sjocht hy it wer hielendal sitten om te fuotbaljen en hat hy him wer oanmelden. Wolkom werom!

Wolkom werom! (2)

Watze-Jacob van der Wal beslúte nei ferline seizoen te stopjen mei fuotbaljen om’t hy studearjen gie yn Grins. Doe ’t hy sneons wat yn in leger freone-alvetal by sc Bolsward fuotballe begienen syn SDS-gefoelens dochs wer op te spyljen. Hy komt folgend seizoen wer by SDS fuotbaljen. Wolkom werom!

Wolkom werom! (3)

Ek Jorrit Hofstra beslúte nei ferline seizoen te stopjen mei fuotbaljen om’t hy yn Grins wenjen gie. Doe ’t hy sneons wat yn in leger freone-alvetal by sc Bolsward fuotballe begienen ek by him de SDS-gefoelens wer op te spyljen. Ek hy komt folgend seizoen wer by SDS fuotbaljen. Wolkom werom!

Wolkom werom! (4)

By de yndieling fan de JO19-1 foar folgend seizoen op de webside wie de namme fan Arnout Meijer fuortfallen. Hy stiet der no wer by! Wolkom werom!

Wolkom werom! (5)

Sneon hat Heeg 1 mei 4-1 út by Makkum 1 wûn en dat betsjut dat Heeg folgend seizoen wer yn de 3e-Klasse fuotballet. Wolkom werom!
foto van Joris Wijnja.

Wolkom werom! (6)

Jierren siet SDS by ONT yn de kompetysje. De lêste jierren net mear. Ferline jier promofearde ONT nei de 2e-Klasse. Dit hat mar ien jier duorre, want sneon ferlearen sy mei 4-1 fan Kollum en degradere nei de 3e-Klasse. De kans liket ús net grut, mar it soe dus kinne dat SDS folgend seizoen by ONT yn de kompetysje komt. Wolkom werom!

Wolkom werom?

Mochten je op dit momint by in oare klup fuotbalje en folgend seizoen graach by SDS fuotbalje dan moatte je foar 15 juny oanmelde. Wolle je folgend seizoen net mear fuotbalje en gjin kontribúsje betelje dan moatte je je ek foar 15 juny ôfmelde. Dit kin beide hjir.

Werom ek net?

Neymar, Ronaldo en Messi riede harren rêstich ta op it Wk en sieten ôfrûne wykein noch rêstich yn Amerika by it honkballen op de tribune;)

Media preview

Harsens derby (2033)

Werom ek net!