SDS-League: ‘Gas gevuuh’! fan Jelmer Hofstee pakt de wykpriis!
3 november 2026Foar yn de aginda

Leovardia 1 – SDS 1 (14.30 oere)
SDS 1 moat dit seizoen trije kear nei Ljouwert.
Dit is de earste kear.
Leovardia hat 10 punten en SDS hat der 8.
Seleksje:
Mark
Jorrit
Niels
Remco
Gerwin
Tim
Sjirk
Jochem
Robin
Matthijs
Wiebren
Jelmer
Wiebe
Pieter B
Gerbrand
Ate
Sc Berlikum 2- SDS 2 (g.n.t.)
Mei sc Berlikum 2 giet it noch net super dit seizoen.
Yn tsjinstelling ta SDS 2.
Sij hawwe noch gjin punt ferlern.
Dit sil foarearst sa bliuwe, want sy binne sneon frij. Sc Berlikum kin net genôch spilers op it wedstriidformulier krije…..
Seleksje:
1. Jorrit (k)
2. Arjen
3. Bauke
4. Ewout
5. Auke
6. Jelte-Pieter
7. Jildert
8. Jurjen
9. Redmer
10. Sietze
11. Sjirk
12. Jorn
13. Jelmar
14. Jelle
Fertrek: 10.45
Wedstriid: 12.10
Koach: Tjeerd
Flagger: Jan
SDS 3 – YVC 3 (14.30 oere)
De Kypmantsjes hawwe 10 út 4 en de greidhoekers hatwwe 7 út 6. Tiid foar trije punten dus.
Seleksje:
komt der oan.
SDS 4 – Oeverzwaluwen 3 (g.n.t.)
SDS 4 sit der lekker yn. Op ien wykein nei hawwe sy alle kearen noch genôch spilers op it fjild krije kinnen en it fuotbaljen giet hieltiten better.
Wat hienen sy ek in nocht oan sneon…..
Mar it wurdt him net. Oeverzwaluwen hat mar 7 spilers.
Oare kear better.
Seleksje:
Jelte, Elger, Bote, Allert, Jan-Simon, Lieuwe, Jentsje, Robert, Jelmer, Hendrik, Jildert, Willem, Evan en noch ien fan de O19.
SDS O19-1 – Workum O19-2 (g.n.t.)
Ek de tsjinstanner fan de O19 hat te min spilers. Ek gjin baljen foar de jonge mannen dus……
Oebele
Ferline wike is der in ein kommen oan it libben fan Oebele Anema út Mantgum,
Hij hat koarte tiid slim siik west.
Oebele kaam yn de tiid dat soan Skelte bij SDS 1 fuotballe faak te sjen en syn ynset foar it klaverjassen wie der ek.
Syn eardere kollega en tagelyk wepmaster mei burd hellet wat lerinneringen op. Sjoch hjir.
SDS-League
De wepmaster sûnfder burd hie in minne wike yn de SDS-League lykas Bote Strikwerda mei ‘FC Munnaps’. Bote hat Janssen as ferdediger fan Excelsior yn syn seleksje en wat wie hy bliid dat hy net yn de basis stie by Excelsior tsjin FC Twente en mâl de bitenbrêge op gie. Hy koe allinnich syn bûsdoek wol opfrette doe ’t hy seach dat Janssen by in 7-0 efterstân noch ynbrocht waard en noch twa goals om de earen krige. Al mei al min 8 punten foar Janssen en in ien nei ûnderste plak yn de SDS-League.
De nije Treffer
De masines by Drukkerij Van der Eems binne repareard en dat betsjut dat de nije Treffer ek klear is. Mei in bytsje gelok falt hy dit wykein by jim yn de bus.
Harsens derby (2426)
Ho………….
They say the perfect soccer clip doesn’t exi- https://t.co/rE7aWY9OxZ
— Barstool Sports (@barstoolsports) November 6, 2026


