Weppers snein 10-6-2018

Sneon 9-6-2018 mei noch in kampioen
9 juni 2018
Weppers moandei 11-6-2018
11 juni 2018

SDS 10-1 giet troch


SDS 10-1 is noch altyd op prizenjacht, ek al is it seizoen dien. Sneon wiene se yn Boalsert op toernooi en dêr hellen se yn in swiere poule in moai twadde plak.

De koach wie super te freden mei it resultaat. 10 punten út 5 wedstriden.

Neikompetysje

De neikompetysje hat juster einresultaten oplevere. Heeg 1 wie te sterk foar Makkum 1 en sij komme dus wer yn de tredde klasse. De oare tredde klasser moast komme út de wedstriid Wolvega en AVC.  Dat waard Wolvega.

De groetnis…

In soad minsken yn Makkum en ien fan harren wie âld SDS 1 trainer Marcel Frankena. Nei syn walking fuotbal blessure rûn hij no al wer as in âld hij op syk nei talinten….
Ek bij de Rock & Roll yn Frjentsjer wie it drok en dêr troffen wij fansels âld SDS doelman Kasper Hoek. Hij hie juster sjoen dat âld SDS 2 trainer Johan Faber mei Tzummarum ferlear fan Sleat en dus net promofeart.  Hij seach mei in soad genoegen werom op syn koarte perioade bij SDS.

Net mear op it keunstgersfjild

Fanôf 12 juny giet it keunstgersfjild ticht. Dan sil der grut ûnderhâld oan barre en sil it fjild in pear wiken ticht. Der kin dan net mear op traind wurde. Dêrneist is it sawisa net de bedoeling om bûten de wedstriden en trainingen op it fjild te kommen.

De SDS WK league

Meastal begjint in WK op freed, mar dit jier op tongersdei. Kommende tongersdei giet it al los mei de aboslute kreaker Rusland- Saoedie Arabie… Wa wol dat no net misse! Wa’t de SDS WK leaugue ek net misse wol, soe hjoed op dizze bewolkte dei best wol efkes it formulier ynfulle kinne en meidwaan oan dizze striid. Maksimaal 50 kinne der mei dwaan. Te let is te let. Sjoch hjir.

De nije Treffer

Op it ein fan it seizoen komme wy altiten noch mei de ‘weromsjoch-Treffer’. Jim meie jim seizoensferslagen stjoere nei DeTreffer@vv-sds.nl. Graach foar kommende woansdei 13 juny! Wy hawwe al ferslagen fan SDS 2, 4 en de JO19-1. Dy fan de Vr.1, JO17-1, JO17-2, JO15-3 en de JO10-1 binne ûnderweis.

Harsens derby (2032)

As je by in korner yn je eigen strafskopgebiet steane en je krije de bal dan moatte je net neitinke, mar gewoan de bal lyk op de oare goal knalle!