SDS-League: ‘Gas gevuuh’! fan Jelmer Hofstee pakt de wykpriis!

Sneon 31-10-2026
30 oktober 2026
Sneon 31-10-2026
30 oktober 2026

It is dizze wike Jelmer Hofstee dy’t mei ‘Gas gevuuh’ de wykpriis pakt. Syn topper wie Wout Weghorst mei 4 goals en mar leafst 16 punten.
Sondre Ørjasaeter fan FC Twente hie noch mear punten as Weghorst. Hy hie mar leafst 20 punten. Mar net ien hat him yn de SDS-League.

Gerwin Sijbesma’s ‘Mighty Mike’ grypt krekt njonken de wykpriis. Hy komt krekt 3 puntsjes te koart.

Erik Haitsma’s ‘Jopie Kwast’ stiet noch altiten boppe-oan. Tsjalling Sikma kaam mei ‘FC Dronryp’ akelich tichtby, mar Wout Weghorst gie krekt op tiid skoren en soarget der mei foar dat Erik noch boppe-oan stiet.

De wepmaster sûnder burd seach it hielendal sitten mei syn ‘FC Ai(Alles Itselde)’. Ferline wike mar krekt ien puntsje te min foar de wykpriis en hy gie as in spear op de ranglist. No is alles wer oars…… Keeper Van Gassel(EXC) krige mar leafst 9 goals om de earen….. Min 16 punten…….
Ferline wike dus op ien puntsje gjin wykpriis en no dus it minste oantal punten fan elkenien…….

Hendrik Eringa giet fol foar de Poedel-LP mar liket aardich konkurrinsje te krijen. It ferskil mei dy oar âld-Spannumer, Bote Strikwerda, mei ‘FC Munnaps’ is noch mar ien puntsje…..

SDS League 2026-2027 stand earste helte wike 6