Weppers freed 9-10-2020

Weppers woansdei 7-10-2020
7 oktober 2020
Sneon 10-10-2020
9 oktober 2020

SVM 1 – SDS 1 (14.30 oere)

SDS 1 reizget ôf nei Marknesse yn de polder.  De gasthearen hawwe in matige start mei 1 punt út trije wedstriden. SDS docht mei yn de top mei 6 út 3. Dizze seleksje sil it dwaan moatte:
1 Jaap©️, 2 Luuk, 3 Erik, 4 Remco, 5 Jelte-Pieter, 6 Pieter, 7 Peter, 8 Teun, 9 Stan, 10 Matthijs, 11 Steven, 12 Jacob-Klaas, 13 Bauke en 14 Habtamu.

SDS VR1 – Hardegarijp VR 1  (12.30 oere)

Beide ploegen hawwe 3 punten út twa wedstriden.  Helaas is der gjin publyk wolkom. Dizze seleksje hat gelok. Sy wurde om 11.30 oere ferwachte. Yn de boks.:
1. Alissa, 2. Annemiek, 3. Elske, 4. Femke, 5. Froukje, 6. Hedwich, 7. Jeska, 8. Jildou, 9. Kirsten, 10. Marit, 11. Marrit, 12. Petra, 13. Seriette en 14. Sieta.

SDS 2 – Makkum 2  (14.30 oere)

Beide ploegen binne goed íteinsetten yn dizze kompetysje. 6 punten ut trije wedstriden. Helaas is der gjin publyk wolkom. Beide ploegen hawwe 3 punten út twa wedstriden.  Dizze seleksje hat gelok. Sy wurde om 13.30 oere ferwachte:
1. Arjen, 2. Ewout, 3. Jort, 4. Jurjen, 5. Lieuwe, 6. Robin, 7. Sietse, 8. Sjoerd, 9. Tjeerd, 10. Wesley, 11. Wessel, 12. Mark, 13. Frank en14……….

Waterpoort 3 – SDS 3   (14.30 oere)

Sommige teams yn dizze kompetysje hawwe al 4 kear spile. SDS 3 noch mar twa kear. Wêr fan ien mar 80 minuten…….. Sij hawwe 3 punten. De seleksje fan sneon:
Steven, Bote, Haye, Piter, Stefan, Mark, Anne, Jelmer, Willem, Kees, Steijn en Ronny en Kerst en…….

SDS 4 – Leeuwarder Zwaluwen 10  (14.30 oere)

It giet fierders prima mei SDS 4, mar se hawwe noch mar ien punt. Wij ferwachtsje dat er sneon 3 bij komme. Helaas is der gjin publyk wolkom. De seleksje:
Jeffry, Halbe, Andries, Allert, Bouke, Wifi, Gerben, Micheal, KB, Aiso, Eeltje, Doede, Jorrit, Ovb Igor & Gertjan.
13:50 sammelje yn de boks.

FC Burgum 6 – SDS 5  (g.n.t.)

SDS 5 soe nei de koprinner ta moatte, mar krijt de seleksje net rûn. Dan nije wike mar nei Burgum. Mei de oprjochte ekskúses!

Henk is slagge

Op tongersdeitejun 8-10-20 hat Henk Mulder praktyk examen dien foar trainer UEFA C (TC3) en slagge derfoar. De JO19-1 krige derby in opdracht en fierde dat skoan ut. It eksamen soe al plakfine ein maaie dit jier mar koe net trochgean fanwegen Covid.
Henk hat derby help hân fan praktykbegelieder Douwe Posthuma, sparde no yn it koart mei Remco en kryge ek help fan oare clubminsken. Tank derfoar. Hjoed wie de firma de Boer nog spesjaal yn it span en set in partytinte del foar in oerke en dat mei dit waar.  Op de foto kriget Henk de lokwinsken fan dosint Ger Lamberts.
No soe it moai wêze as de JO19 him lokwinskje kin mei in winstpartij by Frisia.
Henk fan herte lokwinske!

Stan yn de LC

SDS-League

De teams foar de nije SDS-League streame alwer binnen. Tsjalling Sikma wie dit kear de earste. Aant Hofstra nûmer twa en Okke van der Kamp in fertsjinstlijk nûmer trije. Wy sjogge út nei jim teams.