Jim koenen al in hiele bulte foto’s fan Henk Bootsma sjen hjir op de webside, mar op Facebook steane noch folle mear. Sjoch hjir mar ris. It binne plaatsjes!
Je soene hast sizze dat it moai is dat de jongste jeugd sneon net hoecht te fuotbaljen, no’t er hast nimmen nei it sportpark mei.. Gjin programma foar harren. Fanôf 15-1 is der wol in programma. Dat kinne jim hjir sjen.
De JO9-1 gie sneon yn in doelpuntrike wedstriid mei 5-10 ûnderút tsjin Scharnnegoutum JO9-1, mar kaam noch wol efkes alderkreast op de foto;
Frans-Pyter, Auke-Andrys, Jildau, Jens en Ronny.
Finn, Melle, Renko, Marrit en Jelke.
De Trefferedaksje is alwer drok dwaande mei de nije Treffer. Mochten jim noch wat hawwe mail it dan nei DeTreffer@vv-sds.nl foar kommend wykein.
De transfermerke sit op slot en dat wurdt tiid ek, want dan kinne wy no los mei de SDS-League! Jûn kinne jim de nije spilerslist hjir op de webside fine.
SDS-supporter Appie Posthumus is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske! Sneon krige hy al in moai kado fan soan Jelmer; in goal fan Jelmer by SDS 1. Spitich genôch mocht Appie hjir net by wêze, mar hy hat it fêst op ynternet sjoen.
Ho……
Sometimes you’ve got to applaud the opposition 😂👌
(🎥 @NewCrossRovers) #SundayLeague pic.twitter.com/oVRyVCc2Sa— Grass Root Goals (@GrassRootGoals_) October 4, 2020
Letter miskien mear!