Weppers freed 9-1

SDS League: Team Toering pakt 1e priis!
9 januari 2009
Weppers sneon 10-1
9 januari 2009

Gie wol troch
It trainen gie wol troch, ik ha sels immen op de tafel hân. Degene die der wiene (9 man) hawwe efkes serieus oan de gong west. De trainer wie siik, mar de co-trainer wie der wol. Ek 2 taskôgers, René en Floris. It fjild wie wat hurd, mar der hie ik gjin lêst fan. 
Grtn. Dooitze

Wer traine
SDS 3 begjint ek hast wer te trainen. Sy sille kommende woansdei foar it earst wer oan de gong. De mûtse en de wanten kinne noch thús bliuwe, want de 1e training sil yn de seal wêze. De training is fan 21.30 oan ’t 22.30. Allegear efkes €1,- meinimme.

Hast wer traine

Spilers SDS 2, litte we it wykein noch mar efkes ride!
Tiinsdei pakke we de training wer op om 20.00. 
Groetnis Klaas

De beste winsken!
Anne S, Metsje H, Christian H, Dirk-Yde en Marten F genietsje fan in wintersportfakansje yn Flachau. Sy wolle hjirby eltsenien noch efkes de beste winsken tawinskje. As it goed is dan komme sy hjoed wer thús.


SDS 1 derop út!!
Kommend wykein giet SDS 1 derop út! Bestemming
is foaralsnoch in mysterie, mar wat wol fan belang is
dat we om 11.04 oere de trein pakke fanút Ljouwert.
Foar de measten betekent dat dat we om 10.31 oere
mei de bus fanút Wommels fertrekke. De oaren sjogge
op it treinstation yn 058. 
Wês op tiid, oant sneon!! 
Marten
Gert-Jan
Dirk-Yde

Koek en Zopie
Foarige wike stie de Koek en Zopie-tinte yn Easterein by Douwe-Dirk Reitsma efter hûs. Wy witte net wêr ’t jim no wêze moatte:


Studio Spaan (5)
Foar de lêste kear dizze wike ien fan de hichtepunten fan de DVD fan Studio Spaan:



Letter mear!