SDS League: Team Toering pakt 1e priis!

Weppers tongersdei 8-1
7 januari 2009
Weppers freed 9-1
9 januari 2009

It is úteinlik Jaap Toering wurden dy ’t earste wurden is yn de SDS League mei “Team Toering”. Hy bleaun syn teammaten Mark Postma en Tsjeard Halbersma krekt foar. Jaap hat lyk in goeie bestimming fûn foar it prizenjild. Hy giet moarn op skifakansje.

Hendrik Eringa hat it boppe ferwachting dien. Mei syn team “Ozzy” pakt hy de 4e priis. It koe wol wêze dat hy sels syn team makke hat…………….

Mei dit glêde waar koe it ek net oars dat “met vallen en opstaan” fan Dirk de Jong op ‘e nij de wykpriis pakt. Foarige wike pakte hy him ek al. Om Dirk kin it yn de twadde helte fan de SDS League dus wol friezen bliuwe.

Mei dit waar hienen wy ek wat mear ferwachte fan “Super Friezen” fan Gearard Posthumus. Wy nimme mar oan dat hy it te drok hat mei it ynrjochtsjen fan syn nije húske. 

Aant Hofstra waard mei syn “30+team” stiif lêst en pakt hjirmei de poedelpriis(in SDS-taske).

De prizen wurde binnenkoart oermakke.

Sjoch hjir foar de einstân:
wike 13 (einstân)

Wy hoopje ein jannewaris mei in nije edysje fan de SDS-league te kommen. Wy moatte allinnich earst de transferperikelen efkes ôfwachtsje. 

Spesjaal foar Jaap noch efkes dizze geweldige plaatsjes: