Weppers sneon 10-1

Weppers freed 9-1
9 januari 2009
Weppers snein 11-1
11 januari 2009

Tsja
De froulju diene fannewike mei oan it Midwintertoernooi. Sij troffen it net, want se hiene twa hiele sterke ploegen yn de poule: HZVV en Hearrenfean. En krekt dy twa ploegen stiene sneon yn de finale: HZVV wûn mei 2-0.

Toernooi E pupillen
Hjoed is it Epupillen toernooi yn de Greidhoekesporthal. It begjint om 9.00 oere en om 12.00 oere is it dien. 

Midwintertoernooi
It is wennen, mar SDS docht dizze kear net mei op de finaledei fan it Midwintertoernooi. Wa’t wol meidogge kinne jim
hjir sjen. Noch net alle ploegen binne bekind, want freedtejûn wiene der ek noch foarrondes. De finalerondes fan de mannen begjinne om 10.00. De finalerondes fan de froulju om 14.30. Om 16.30 giet it echt oan mei de kwartfinales fan de mannen. Om 19.00 is de finale. 

Foto

Dukke van der Weij hie it hielendal goed. Henk Bootsma mailde ús de folsleine foto mei Jeltsje, Dukke, Eke en Annie. Dizze foto is fan’t simmer makke!

Poorte
Sa kinne je fansels ek ien poorte. Wy witte net as dit ek mei de kornerflaggen fan SDS slagget: