Weppers freed 28-8-2020

Weppers tongersdei 27-8-2020
27 augustus 2020
Sneon 29-8-2020
28 augustus 2020

Corona-maatregels

De kantine is moarn iepen en foar mar 35 minsken beskikber. Op it terras kinne ek noch lju sitte. Hjir wurdt in tinte delsetten sadat der ek mei min waar sitten wurde kin. Lju dy ’t net fuotbalje, mar wol yn de kantine komme moatte harren namme en tillefoannûmer ynfulle op it registraasjeformulier.  Der mei allinnich sitten wurde yn de kantine en op it terras. Stuollen en tafels meie net ferskoot wurde. De keuken is ticht. Sjoch hjir foar alle Corona-maatregels. Y.f.m. mooglike drokte nei de wedstriden is it Dielshûs yn Wommels ek wer iepen.

SDS 1 – sc Franeker 1

De earste fan de trije bekerwedstriden. De ienige thúswedstriid.  Dus kom foaral efkes lâns. Om 14.30 giet it los. De seleksje:
13.15 aanwezig
13.30 bespreking/omkleden.
1 Jaap©️, 2 Luuk, 3 Erik, 4 Gerwin, 5 Remco, 6 Pieter, 7 Peter, 8 Wiebe, 9 Hendrik, 10 Matthijs, 11 Steven, 12 Jelte-Pieter, 13 Frank, 14 Habtamu
Teun is nog niet speelgerechtigd.
Enne Bruinsma sil moarn flagje.

SDS 2 – sc Berlikum 2

SDS 2 mei it opnimme tsjin sc Berlikum 2. Ek dizze wedstriid is om 14.30 oere.
Dizze seleksje wurdt om 13.30 oere yn de boksen ferwachte: Arjen, Dirk, Ewout, Jort, Jurjen, Kent, Niels, Robin, Sietse, Sjoerd, Steven, Wessel, Wesley, Mark, Jacob-Klaas en Bauke.
De seleksje is noch ûnder foarbehâld.

Utsteld

SDS Vr.1 bekert net moarn út tsjin LAC Frisia Vr.1, mar woansdei 9 septimber om 20.00 oere yn Ljouwert.

5 wiksels

Der mei yn de bekerwedstriden 5 wiksels meidwaan. Sjoch ek hjir. 5 wiksels, mar der meie mar 3 wikselmominten wêze.

Jeugdwedstriden.

Der binne moarn om 9.00, om 10.30 en 11.00 oere bekerwedstriden foar de jeugd. Letter hjoed alle thús- en útwedstriden op in rige.

Sjurts en ynskopballen ophelje, mar gjin bidons

Klaas de Haan en Willem Twijnstra steane moarn klear yn it ballenhok om de lieders de sjurts en de ynskopballen te oerhannigjen. Y.f.m. de Corona wurde der gjin bidons meijûn.

Pieter de Boer nije leider JO19-1

Pieter de Boer is de nije leider fan de JO19-1. Hy wie earder ek al inkelde jierren leider. Nei in jier neat nimt hy it stokje wer oan.

De ‘nije’ Pieter de ‘nije’ leider fan JO19-1!

Keuken iepen!

Wat de Skoalleseize betreft kin de keuken wol wer iepen. Dat betsjut dat jim moarn yn de keuken fan de kantine wol wer te plak kinne foar wat lekkers. Wol by de kassa bestelle en op je ‘eigen’ stoel wachtsje.

Plattegrûn

Op de boksen hinget al jierren it programma mei de boksyndieling. Fanôf hjoed hinget der in prachtige plattegrûn by om alles noch dúdliker te meitsjen.

Kantinetsjinsten

Fanôf 1 septimber meie de fuotballers fan SDS op tongersdei de kantine wer runne. Pieter Kamstra hat wer in kreas barskema makke. It sjocht der sa út:

3-9-2020 Willem Wijnia
10-9-2020 Stefan van Krimpen
17-9-2020 SDS JO-19
24-9-2020 Enne Bruinsma
1-10-2020 Anne Stenekes
8-10-2020 Marten Faber
15-10-2020 Pieter Kamstra
22-10-2020 Inne Heerma
29-10-2020 Auke Jetze Kroondijk
5-11-2020 Dirk Yde Sjaarda
12-11-2020 Marco Hoekstra
19-11-2020 Sjoerd de Boer
26-11-2020 Enne Bruinsma
3-12-2020 Auke Jetze Kroondijk
10-12-2020 Stefan van Krimpen
17-12-2020 Boudewijn Kramer
24-12-2020 gjin trainen
31-12-2020 gjin trainen
7-1-2021 Pieter Kamstra
14-1-2021 Marten Faber
21-1-2021 Marco Hoekstra
28-1-2021 SDS JO-19
4-2-2021 SDS JO-19
11-2-2021 Enne Bruinsma
18-2-2021 Willem Wijnia
25-2-2021 Inne Heerma
4-3-2021 Stefan van Krimpen
11-3-2021 Auke Jetze Kroondijk
18-3-2021 Sjoerd de Boer
25-3-2021 Dirk Yde Sjaarda
1-4-2021 Boudewijn Kramer
8-4-2021 SDS JO-19
15-4-2021 Anne Stenekes
22-4-2021 Willem Wijnia
29-4-2021 SDS JO-19
6-5-2021 start keatsrooster

Harsens derby (2247)

Toet, tooooooooooooooooooooooooooooeeeeeeeeeeeeeeeeeet!!