Weppers tongersdei 27-8-2020

Utslaggen oefenwedstriden
25 augustus 2020
Weppers freed 28-8-2020
28 augustus 2020

Traine

SDS 4 en 5 sille jûn foar it earst dit seizoen wer traine. Sy traine om 20.15 oere efter de sporthal.

Oefene

SDS Vr.1 hat juster oefene tsjin Balk Vr.1. SDS ferlear krekt mei 3-2, mar de koach wie tige te sprekken oer it spul fan SDS Vr.1. Seriette en Jildou skoorden foar SDS.

G.n.t.

SDS Vr.1 soe kommende sneon bekerje moatte tsjin LAC Frisia Vr.1. Frisia hat spitich genôch net genôch spylsters, dus de wedstriid sil op in oare dei plakfine moatte.

Blesseard

De seleksje fan SDS 1 tinnet alwer wat út. Sawol Stan Korbach as Lourens van der Pol rekken tiisdei blesseard yn de wedstriid tsjin Rijperkerk en de kans is lyts dat sy sneon alwer balje kinne.

Komplimenten

Tiisdei by de oefenwedstriid SDS 2 – Scharnegoutum 2 dy bliken dat de iene helte fan de keunstljochten it net die. Lokkich koe Hille Meijer fan de Skoalleseize gau berikt wurde en soarge hy der foar dat de ljochten it nei 10 minuten wer dienen foar it wier donker waard. Us komplimenten!

Tinte

It is de bedoeling dat de Skoalleseize sneon in tinte op it terras fan de kantine set y.f.m. de Corona-maatregelen. Sa kinne der ek by min waar wat mear minsken sitte.

Wer iepen!

De sportkompleksen fan sc Berlikum en Foarút binne begjin dizze wike wer iepen gien. It die bliken dat der gjin Coronagefallen wienen. By St. Anna sit it sportkompleks al op slot om ’t in familielid fan ien fan de klup Corona hat. Hoesa kompleks?
Sc Berlikum 1 – Minnertsga 1 giet sneon net troch y.f.m. in mooglik Coronagefal yn de A-seleksje fan Minnertsga. De oare wedstriden by Minnertsga geane gewoan troch.
Eky vv Drachten steane de A- en B-seleksje efkes stil y.f.m. in mooglik Coronagefal. De rest fan de wedstriden giet gewoan troch.
Sok beleid kinne wy ús mear yn fine.

Harsens derby (2246)

‘Tikkie werom, Jaap!’

 

 

Letter miskien wol mear!